Feestgongers makket mei de ynearsten betiizjende iepening fan it earste haadstik, dochs benijd nij it ferhaal dat him blykber justjes earder ôfspile hat.
Nei it twadde haadstik - neffens my wat te wiidweidich, want soe men it ferhaal oer de Skot yn Bretanje misse -is it boek nijsgjirrich genôch om gau út te lêzen; de fraach wat de haadpersoanen fan It Feest meitsje sille hâldt de lêzer fêst en yn ‘e besnijing, sels as der wer ris útwreide wurdt oer muzyk (Wadman mei graach even sjen litte dat er wat fan muzykteory kin) en der eins yn it ferhaal net sa folle foarfalt. Ik leau oars net dat it boek sa’t it der no leit, anno 2010 útjûn wurde soe en dat hat net allinnich te krijen mei de wat langtriedderige beskriuwing fan it feest, lykwols ek mei it wat frije gebrûk fan de Fryske staveringsregels (lesbys, ynstee fan lesbysk, o’t ynstee fan as en wêrom yn de fredesnaam skriuwe oer Biitels, ynstee fan gewoan The Beatles, it is dochs ek Brahms en net Braams?), seks as it sintrale motyf (de swingparty sels, de beskriuwing fan fysike eigenskippen fan de oare feestgongers, in haadstik Koïtus neame, yn ’68 faaks nij en modern, it komt no oer as wat puberaal) en de eksperimintele foarm (tiidsfermeldings yn it earste haadstik, sinnen sûnder lêstekens ôfbrekke as der fan perspektyf wiksele wurdt). Soe in útjouwer der hjoed de dei noch entûsjast fan wurde? It docht út en troch wat âldfrinzich oan, passend lykwols by de jierren sechtich doe alles oars moast en júst dat makket De Feestgongers ta in portret fan dy tiid. Mei in goede komposysje en nijsgjirrich ferteld yn de ûnfolsleine no-tiid in boek dat fan ‘e begjin ôf de spanning der yn hâldt, it iennichste boek dat ik oant no ta lêzen haw, dat sawol nei in klimaks as in antyklimaks ta wurket. En Wouter Keuning is in pracht eksimplaar fan in Wadman-eftige antyheld, dy’t docht tinken oan Hindrik Visser út de oerwinning fan Bjinse Houtsma. De Feestgongers - Anne Wadman (1968) * * * * * Koperative Utjouwerij, Boalsert, 1995 |