Dit boek komt mei faasje op gong. De sfear fan in stêd yn ferfal, wurdt goed beskreaun. Personaazjes binne werkenber en realistysk. Dizze realiteit wurdt ferhege mei útspraken fan guon minsken yn it Nederlânsk (en dy fan Bouwe yn it Stêdsfrysk).
Mei de oanslach op Folkert Wigge liket der lykwols in iere klimaks yn it boek te wêzen. It ferhaal dêrnei moat it foar in grut part hawwe fan de sfear en by de dagen yn it Dútske opfangkamp sekket it ferhaal echt wat yn. Twa saken binne my net hielendal dúdlik. Op it foarste plak: wat is it belang fan de religieuze oertsjûgings fan guon bypersoanen (Wende Andrae, syn beide memmen, syn broer Freark en syn frou Ellen). Op it twadde plak wurdt der wat maklik keazen foar it fermoardzjen fan in persoan. De wrakseling mei dat idee, hie wat my oanbelanget wat mear klam krige kinnen. “Taal komt en giet, ûntstiet yn isolemint en lûkt har werom as de doarren iepengean, se is soeverein, lykas dyn identiteit. Moatst der net sa swier oan tille, Sil, net bang wêze foar de takomst. (....) Net hingjen bliuwe, dat is it geheim”. Al op ien tredde part fan it boek wurdt boppesteande sitaat útsprutsen troch Wende Andrae, in wize, âlde frou. It liket it boadskip fan Tiemersma oer de takomst fan de Fryske taal en identiteit te wêzen. Oan ´e ein fan it ferhaal komt Sil Posset ta de selde konklúzje. It klinkt allegear reedlik, mar it sprekt my persoanlik net sa oan. Dochs sjoch ek noch in oare konklúzje: as de Friezen harren taal en identiteit net heech hâlde, kinne wy Fryslân ek wol ûnder wetter sette. Al mei al in boek dat him graach lêze lit en jin ta tinken oanset oer it Frysk en de Fryske identiteit. Literatuer mei in haadletter L. Under Wetter - Koos Tiemersma * * * * * Earste printinge (2009), Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert korreksje stêdsfrysk: Henk van der Veer |