Ik bin noch hieltyd wat ûnder de yndruk fan de dea fan David Bowie. Sûnt syn hertoanfal yn 2004 hie er him weromlutsen út it publike bestean, mar mei de albums The Next Day en Blackstar hat er oan de ein fan syn libben ta moai wurk ôflevere. Yn desimber stie er noch op it poadium yn New York by de premjêre fan syn musical Lazarus. Begjin jannewaris hie de kanker him kapot krigen. Syn fideoklip by it nûmer Blackstar ferwiist blykber nei it oankommende libbensein: Major Tom wurdt dea weromfûn.
Al hâld ik der net sa fan om alle problemen mar mei kanker te ferlykjen – it is faak sa respektleas nei minsken dy’t pasjint binne – ik doch it no al: de Nederlânske taal woekeret as in kankergeswel yn Fryslân. De Fryske taal giet der oan kapot en it is al yn sa’n fierfoardere stadium, dat, der is eins neat mear tsjin te dwaan. Ik haw it al earder sein en skreaun: it Frysk sil de ein fan de ieu net helje, dêr bin ik wis fan. Ultsje Hosper, foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij (FNP), liket no ek alle hope ferlern te hawwen. Hy wol dat syn party tenei de klam net mear safolle leit op it gebrûk fan de Fryske taal, om’t dat neffens him in ‘efterhoedegefjocht’ is. Der wie in soad krityk, mar ik wol it hjir opnimme foar Hosper, dy’t in freon fan de Fryske taal is: jierrenlang direkteur fan in natuerorganisaasje dy’t allinnich in Fryske en gjin Nederlânske namme hat en ien dy’t it oer ‘efterhoede’ hat en net ‘achterhoede’ seit, dy hâldt fan de Fryske taal. En hy is wier net de iennichste dy’t klear is mei de Fryske taal. By Omrop Fryslân is der ek wol oer praat: Nederlânsktalige programma’s, benammen ek om’t de Omrop ek rampestjoerder is. It Frysk is hast alhiel út de Leeuwarder Courant ferdwûn, de oplage fan Fryske boeken rint hurd tebek, lykas it tal bern dat noch in Fryske namme kriget en hieltyd mear minsken witte net mear hoe’t sy de de krekte tiidwurdfolchoarder moatte brûke. Fryslân hat yn de 16e ieu syn hertoanfal hân. It Frysk wie net mear te finen yn it offisjele, publike libben en is in taal foar thús, de kroech en it sportfjild wurden. De opkomst fan de Nederlânsktalige massamedia wie it begjin fan de ein. Doe is it Frysk ferkankere mei ynterferinsjes, ynfloeden fan it Nederlânsk. Wat wy no thús prate, yn de kroech of op it sportfjild brûke, kin hast de namme ‘Frysk’ net mear drage. Wy moatte dy situaasje ûnder eagen sjen en net, sa’t de Fryske Akademy it hawwe wol, tinke dat it just goed giet mei it gebrûk fan it Frysk. Harkje leaver nei Arjen Versloot en Eric Hoekstra, dy’t sizze dat it Frysk hieltyd Hollânsker wurdt. Dan begripe wy better wat der spilet as in jonkje by Omrop Fryslân yn it nijs ropt dat er bliid wie dat it ferzen hie, om’t er no wer ris ‘kin skaatse’. No is it de fraach wat wy dogge mei de tiid dy’t ús, brûkers fan it Frysk, noch gund is. Lizze wy de holle yn de skutte en fjochtsje in efterhoedegefjocht, sa’t Hosper it hawwe wol? Ik sis fan nee! Bliksem! Lit ús in foarbyld nimme oan David Bowie dy’t mei de ein fan syn libben yn ‘t sicht de nocht en de wille hie om moai wurk ôf te leverjen. Dat kinne wy ek, ús moaiste wurk ôfleverje en nochris sjen litte hokker skientme ferlern giet mei it ferlies fan de Fryske taal. Dêrom, skriuwers, lûk jim reade skuon oan en skriuw jim Next Day! Sjongers, sjong jim Blackstar, ûnder it moanneljocht, it serieuze moanneljocht! Dichters, skriuw jim Lazarus en wa wit, wa wit, sille wy sjen oft de Fryske taal net in weropstanning belibje kin. Publisearre op skanomodu.nl op 10 febrewaris 2016 |