Carel Roorda: de wiere 'Us Heit'It lytse, net unsjogge doarp Idaerd is boppe al, tige lyts. It leit neist de autodyk fan Leeuwarden nei Heerenveen, mar der is gjin ôfslach nei it doarp, dat in soad op-en-del-reizgers sjogge it wol alle dagen, mar der komt net ien. Dat hoecht ek net, om't it sa lyts is.
Iroanysk genôch komt fan dit lytse, lytse doarp, ien fan de grutste Friezen ea. Hie de skiednis in oare ôfslach nommen, dan wie Carel Roorda hjoed-de-dei nei alle gedachten eare as de Heit fan it Heitelân. Al yn Roorda's tiid wie Idaerd mar in lyts plakje. Carel syn heit, Popke, hie der in pleats en wie grytman fan 'e gemeente. Roorda sr. rekke as lokaal politikus betize yn de yntriizjes fan dy tiid: hy keas de kant fan 'e Geldersken en wie by eintsjebeslút twongen en emigrearje nei Gelderlân. Hy boaske dêr mei in dame fan Gelderske adel en waard letter drost fan Venlo. Dat wie nei alle gedachten ek it plak dêr't Carel berne is, om 1520 hinne. As katolyk jongfeint studearre er yn Genêve en wurde protestant. Werom yn Fryslân begûn er him om 1560 hinne aktyf tsjin de Spaansk/katolike oerhearsking te wjerstribjen en waard fan Alva ferballe út Fryslân. Carel wie in skoft yn Dútslân en Frankryk, dêr't er mei de Bartolomeusnacht yn Paris wie. Letter bedarre er yn it Dútske Emden dêr't in soad protestantske ballingen sieten. It skeel oer de heerskippij oer Fryslân wie sa stadichoan yn in breder konflikt telâne kaam: de hearskippij oer de Nederlannen. Dat wiene yn dy tiid in samling fan losse steatsjes yn it hjoeddeistige Nederlân en Belgje. De hege adel fersette him tsjin de Spaanske, katolike hearskippij, easke godstsjinstfrijheid en mear bestjoerlike frijheid. Oan it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch waard Roorda troch de Fryske ballingen op diplomatike misje nei Willem fan Oranje yn Rotterdam stjoerd. It resultearre yn in net al te suksesfolle oarlochsmisje yn it waadgebiet, mar blykber makke Carel sa'n goede yndruk, dat er de rjochterhân waard fan de Fryske admiraal Doeke Martena yn Hoarn. Nei't de Spaanstagediene steedhâlder Rennenberg út Fryslân ferdreaun wie, waard Roorda lieder fan de grutste fraksje yn de Fryske Steaten, ek wol de Roardisten neamd. Fan it begjin ôf makke Roorda him sterk foar gearwurking mei de oare steaten. It sterke en rike Hollân wie ommers ûnmisber foar it ferdriuwen fan de Spanjaarden. Hy wurke as inisjatyfnimmer hurd oan de Uny fan Utert, dêr't Noardelike steaten as bygelyks Hollân, Gelderlân, Utert en Fryslân, lykas in iere miny-NAVO inoar ûnthjitten militêr te stypjen en mei-inoar bûtenlânsk belied te fieren. Roorda naam foar Fryslân in sit yn de gearkomste fan dy steaten mei-inoar: de Steaten Generaal. Neist dit politike en diplomatike hânwurk, hie Roorda in nauwe gearwurking mei de nije steedhâlder fan Fryslân, Wilhelm Ludwig von Nassau. Wêr't Wilhelm Ludwig op it foarste plak legeroanfierder wie, wie Roorda in politikus en as deputearre te fielde tichteby him yn 'e buert en soarge derfoar dat de steedhâlder him allinnich beweegde binnen de politike linen dy't de Fryske steaten lutsen hiene. Underwilens frege in oare kwestje ek de oandacht fan Roorda. De Steaten Generaal hiene mei de Acte van Verlatinghe de Spaanske kening Filips II oan 'e dyk set. Keningin Elizabeth fan Ingelân wie frege de nije soevereine foarst te wurden. Sy hie dat lang yn beried en stimde by eintsjebeslút ta. Elizabeth stjoerde har eachsapel Leicester as lânfâd nei De Haach. Roorda fynt yn Johan van Oldebarneveldt in bûnsmaat dy't ek leaut dat de republyk fan 'e Sân Gewesten it ek wol rêde kin sûnder bemouiïng fan it bûtenlân en tegearre meitsje hja it Leiester sa dreech as mar kin. Dat slagget en de Ingelsken drosse nei inkelde jierren wer ôf. Dochs liket Roorda himsels hjirmei yn 'e foet sketten te hawwen. De soevereinitiet wurdt no by de soan fan Willem fan Oranje belein: Maurits, in folle neef fan Wilhelm Ludwig. Wêr't Roorda him altiten sterk makke foar de Fryske belangen, merkt er no dat de Oranje-Nassau-tandem benammen de 'Nederlânske' belangen neistribbet. Roorda wol it Fryske belang tsjinje troch de omkriten fan Fryslân sa goed as mooglik frij te hâlden fan Spaanske troepen. De slach by Boksum stie elkenien noch goed by en Roorda wol in bufferseame om Fryslân hinne lizze wêrmei in werhelling foarkommen wurde kin. Roorda wol in Frysk garnizoen legerje yn Hasselt, leafst ek yn Koevorden en sa gau as mooglik Grins fan de Spanjaarden befrije. De loyalens fan Wilhelm Ludwig leit lykwols net by Fryslân mar by syn neef Maurits. Hy stimt syn plannen net mear ôf mei Roorda, mar mei Maurits en dêrmei ûntstiet in spjalting tusken Von Nassau en Roorda. Wilhelm Ludwig hat de hichte as er in brief fan Roorda ûnderskept en lêst dat dy him by in kunde derfan beskuldiget in diktator te wêzen dy't alle macht nei him talûkt. Hy daget Roorda út foar de Fryske Steaten en stelt yn in fûl debat de Steaten foar de klassike kar: hy der út of ik der út. Meidat de Steaten foar Von Nassau kieze is it mei de karriêre fan Roorda dien. Hy wurdt net langer ôffeardige nei de Steaten Generaal en jierren letter, yn 1601, stjert er. Oranjetagediene skiedskriuwers as Pier Winsemius en Ubbo Emmius swije Roorda sa goed as dea of begean karaktermoard. Fan de man dy't syn hiele libben yn tsjinst fan Fryslân steld hat, dy't oan de widze fan de Uny fan Utert stie, Leicester fuortstjoerde en Wilhelm Ludwig 'coachte', bliuwt sels net in portet bewarre. De grêfstien fan Roorda wurdt achteleas fuortsmiten as de Grutte Tsjerke yn Ljouwert restaureerd wurdt. In earleas ein foar de grutste Fries ea, de iennichste echte 'Us Heit'. |
LibraryKramer, G. - Het leven van mr. Karel Roorda (1951) Uitgeverij De Torenlaan, Assen Wagenaar, L.H. - Het leven van graaf Willem Lodewijk (1904), Höveker & Wormser - Amsterdam, Pretoria |