De kening komt nei Ljouwert, gûnzet it troch de stêd. Hy sil in muorreskildering ûntbleatsje fan Maria Louise van Hessen–Kassel. Op de skildering portretten fan guon keninklike figueren út heel Europa: keninginne Margarethe fan Denemarken, prins Albert fan Monaco en fansels ús eigenste Willem-Alexander. De gedachte by de skildering is dat it sa moai is dat safolle keninklike figueren neiteam binne fan dy ‘Maaike Muoi’ fan Fryslân.
By de ferbou fan it Ljouwerter stedhûs in tal jierren ferlyn is de soudering fan de entree beskildere mei portretten fan ferneamde Ljouwerters. Wy werkenne Slauerhof, Escher, dy ivige Mata Hari én steedhâlder Willem Lodewijk. Likegoed as Maria Louise hie dy lêste in bynamme: Us Heit. Friezen geane mar nuver om mei harren skiednis. Maria Louise en Willem Lodewijk wiene beide gjin Ljouwerters, gjin Friezen en sels gjin Nederlanners. Hessen en Nassau lizze beide ommers yn it hjoeddeistige Dútslân. Hoe kin it dat wy dizze twa Dútsers ferearje as grûnlizzers fan it moderne Fryslân? Dat der in stânbyld stiet foar Willem en akteurs Maria neispylje by stedskuiers yn ‘Nassaustêd’ Ljouwert? Willem Lodewijk wie as steedhâlder kapitein-generaal fan de Fryske troepen. By de Slach by Boksum fan 1586 – foar Fryslân de tsjusterste oere fan de Spaanske besettingstiid – wie it lykwols net Willem Lodewijk, mar in Deen dy’t de troepen oanfierde. Willem Lodewijk wie der op dat stuit hielendal net. En Maria Louise? Sa’t yn de Kanon fan de Fryske Skiednis ek sein wurdt, woe hja graach dat har soan it erfsteedhâlderskip fan de hiele republyk krije soe. Fryslân wie har blykber te min. Sa gau as it soanleaf Willem Karel Hendrik Friso slagge om steedhâlder foar alle gewesten te wurden, binne de Nassaus nei De Haach ferhuze. Mocht Ljouwert himsels graach presintearje as ‘hofstêd’ fanwege it Nassauferline, de Nassaus sels tochten der blykber oars oer. It wiene de famyljebelangen dy’t by de Nassaus boppe-oan stiene. Dat blykt ek út in wichtich skeel dat Willem Lodewijk hie mei de lieder fan de Fryske steaten, Carel Roorda. Oan de ein fan de 16e ieu – de Tachtichjierrige Oarloch wie op syn fûlst – wie der yn it noarden noch ien grut bolwurk fan de Spanjaarden: Grins. Fansels woe Roorda graach de Spanjaarden út Grins wei hawwe en hy frege Willem Lodewijk om de Fryske troepen yn te setten en Grins te ûntsetten. Willem Lodewijk wegere. Wat de belangen fan Fryslân ek wêze mochten, Willem Lodewijk hie earst oerlis mei syn neef, prins Maurits, dy’t leaver stêden yn it westen fan de Nederlannen befrije woe as de bedriging fan Fryslân fanút Grins útskeakelje. It soe net wer goedkomme tusken Willem Lodewijk en Carel Roorda. Yn in smoarch spultsje iepene Willem Lodewijk in brief dy’t Roorda oan in politike freon skreaun hie en dêr’t er him yn beklage oer de diktatuer fan Willem Lodewijk. Dizze lêste lies it brief foar yn in steategearkomste en twong de steaten foar him of Roorda te kiezen. De rol fan Roorda wie dêrmei útspile. En dat is tige spitich, want Roorda hat yn de prille jierren fan de Republyk as lid fan de Steaten-Generaal altyd de belangen fan Fryslân ferdigene. Hy stie foar in sterk, selsstannich Fryslân yn it gruttere ferbân fan de Republyk. Willem Lodewijk socht allinnich mar in plak dêr’t de Nassaus en de Oranjes harren aadlike ambysjes op útlibje koene. Hoe’t de Friezen mei harren skiednis omgeane, die bliken doe’t ik in pear jier ferlyn nei de Grutte Tsjerke yn Ljouwert gong, dêr’t Roorda begroeven leit. Syn stien wie net mear te finen. In bytsje ûndersyk makke dúdlik dat by in restauraasje alle grêfstiennen fuorthelle binne. De grêfstien fan ien fan de grutste Friezen ea, is ûnachtsum fuortsmiten. No is der net mear in soad werom te finen fan Roorda. Der is in skoalle nei him ferneamd, in skûtsje en ien of twa strjitten, mar dat is alles. Der is oer it libben en wurk fan Roorda alhiel net folle bekend, der is sels net in portret fan him bewarre bleaun. De skiednis wurdt ommers skreaun troch de winners, yn dit gefal Ubbo Emmius, in goede freon fan Willem Lodewijk. Soe Fryslân mei in nije blik nei de eigen skiednis sjen wolle, dan soe in earste stap in betinkplaat foar Carel Roorda yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert wêze kinne. Lit ús dat mar ris dwaan. Publisearre op Skanomodu Y-Skrift, 11 augustus 2015 |