Nei’t bekend wurden waard dat de stúdzje Frysk yn Grins noch mar ien nije ynskriuwing hat, kaam der in “tsunami fan sjoernalisten” oer professor Dokter hinne. Fansels de Fryske media, mar der wie ek lanlike oandacht. Ta einbeslút wie dêr ek de ynternasjonale National Geographic. It blêd dat alle moannen skriuwt oer teiende gletsjers, de lêste Javaanske noashoarns en de hieltyd lytser wurdende bosk mei Sequoia’s, skreau diskear oer de mei útstjerren bedrige frisist.
Skanomodu mocht in foarpublikaasje pleatse út it artikel dat foar de gelegenheid yn it Frysk opsteld is. “Yn it noarden fan Nederlân leit it briedgebiet foar de frisist. Frjemd genôch leit it bûten it Fryske lân sels, it lân dêr’t de taal sprutsen wurdt, de literatuer skreaun wurdt en de skiednis leit dêr’t de frisist fan libje moat. Alle jierren komme âlden nei Grins en sette dêr de aikes dy’t útwaakse moatte ta frisist. Dizze aikes wurde studinten Frysk (Bachelorum Studinti Frisii Talum et Culturem) neamd. It nimt al gau mear as fjouwer jier foar dizze aikes om ta folle waaksdom te kommen. De heiten en memmen geane yntusken werom nei de greiden en sângrûn fan Fryslân. Yn Grins is lykwols in grutte biodiversiteit wat studintesoarten oanbelanget. Tusken de sterke soarten -studinten rjocht, medisinen en benammen Nederlânsk - falt it de studint Frysk net ta om te oerlibjen. Neffens heechlearaar professor Dokter docht it regear net genôch om it briedgebiet te beskermjen. “De briedgebieten yn Leiden en Amsterdam binne al net mear geskikt foar bachelor-aikes, dêr fynst allinnich noch master-pykjes. Lokkigernôch binne dy briedgebieten der noch, tegearre mei Kiel (it briedgebiet foar de ferwante bûnte-frisist fan Noard-Dútslân), mar it hâldt net oer.” De mieningen binne ferdield oer de fraach oft it tebekrinnen fan it tal studinten in natuerlik ferrin is, of dat it - lykas mei de wisinten, de wolven en de otter - it gefolch is fan minsklik yngripen. Professor Dokter is oertsjûge fan it lêste. Sa is it libbensgebiet fan de frisist de lêste jierren beheind wurden. Yn Fryslân binne in pear reservaten ynrjochte dêr’t oer it generaal de measte frisisten wiernommen wurde kinne. Dochs is hjir, by bygelyks de Afûk, Tresoar en de Fryske Akademy - it tal frisisten tebekrûn. “By de Fryske Akademy wurdt hieltyd oar ûndersyk dien, en dat soarget foar miljeufersmoarging. It giet hieltyd mear oer ekonomy, oer ûnderwiis en ynternasjonalisearring. De letterkundige frisist is op ’e Akademy al útstoarn. Wolle wy op de Akademy wer letterkundich ûndersyk dwaan kinne, dan sil der in nije frisist útsetten wurde moatte”. In oare oarsaak soe wêze dat by de Leeuwarder Courant ek hieltyd minder Frysk skreaun wurdt. Tegearre mei de ynfloed fan tillefyzje en ynternet soe dizze taalfersmoarging soargje foar in feroaring fan it klimaat yn Fryslân. De Leeuwarder Courant wiist dat lykwols fan ’e hân: “dat ligt niet aan de krant, er wordt in Friesland steeds minder Fries gepraat, gelezen en geschreven. Het is echt een natuurlijk verschijnsel, vergelijkbaar met het klimaat in de kleine ijstijd van de 17e en 18e eeuw, toen het geschreven Fries ook geen rol van betekenis speelde”, aldus hoofdredacteur Watze Penmaarraak. Der is ek goed nijs. Sa is Arjen Versloot ôffeardige nei Amsterdam om dêr mei in spesjaal briedprogramma de master-pykjes op te heinen. De lêste jierren is ek dúdlik wurden dat net allinnich Fryske heiten en memmen studinte-aikes Frysk lizze yn Grins, want der binne ek âlden út Poalen en Flaanderen wiernommen. Sa soe dit ferhaal posityf einigje kinne, as dy iennichste ynskriuwing, dat iennichste aike, har net weromlutsen hie....” Skanoskrift, oktober 2010 |
Foto: studintenploech Frysk yn 2010
|