Ik haw it wolris earder skreaun, ik bin net mei it Frysk grutbrocht, dat alles wat ik wit fan ‘e Fryske taal is my de ôfrûne jierren bybrocht by de Afûk en op it Frysk Ynstitút. Sa stadichoan kin ik dan ek aardich meiprate oer de skiednis fan Fryslân, de Fryske literatuer en de spellings- en grammatikaregels fan de Fryske taal. Net echt ûnderwerpen dêr’t men op in jierdeisfeestke mei yn it midspunt fan ‘e belangstelling bedarret.
Sa wie der by de Afûk-kursussen omtinken foar nammen fan greidefûgels en ynsekten, foar it wiidweidige idioom dat it Frysk opsmiten hat as it om it waar en foaral om ‘e lânbou giet. Altyd wer dy lânbou.... Op it Frysk Ynstitút is it net folle better. Hjir gjin omtinken foar boeren of Piet Paulusma’s, mar wol om de posysje fan it Frysk yn de saneamde hegere domeinen. Oant ik de stúdzje oppakte, hie ik noch nea fan legere of hegere domeinen heard, mar se binne der al: men praat fan de legere domeinen as it Frysk brûkt wurdt op it wurk, op ‘e dyk, yn ‘e húshâlding, ensfh. De hegere domeinen smite mear status en prestiizje op foar de taal: it ûnderwiis, de rjochtspraak en it iepenbier bestjoer. De striid foar de emansipaasje fan it Frysk hat him rûchwei de ôfrûne ieu benammen rjochte op it gebrûk fan de Fryske taal yn dizze hege fermiddens. Anno 2010 moatte wy erkenne dat dizze strategy net in soad opsmiten hat. Skoallen wolle gjin Fryske les jaan, want der is gjin draachflak foar by de ‘vaders en moeders’. As it al ris foarkomt dat der ien Frysk prate wol yn de rjochtsseal, dan is de tolk net te finen en al jierren gedoge de Fryske steaten op de heechste bestjoersfunksje yn de provinsje, in ‘Commissaris der Koningin’, dy’t net Frysk prate kin (of wol). Dêrom soe ik net langer al te folle omtinken hawwe wolle foar de hegere domeinen, mar besykje in nije wurdskat op te bouwen dy’t de legere, nee, sels de mear tsjustere kant fan it libben beneame kin. Dan kin it gean oer drugs, in net út de hjoeddeiske maatskippij wei te tinken leech domein. Soe it net benammen foar jongerein wichtich wêze kinne har op dit mêd úterje te kinnen yn har memmetaal? Op ‘t heden kin dat net, want der is bygelyks noch net iens in Frysk wurd foar ‘wiet’. Ferfryskje nei ‘wiet’, ‘wyt’ of ‘wiid’ slagget net, lokkigernôch is it Frysk sa ryk oan klanken dat ik hjirby it útstel doch en nim yn in nije edysje fan it Frysk Wurdboek de oersetting ‘wiit’ op. It giet lykwols fierder, want minsken uterje har yn emosjonele saken it leafst yn har memmetaal, mar dan moat men emoasjes wol ûnder wurden bringe kinne. Oars sein: ik wol skelle, raze, flokke en ragge kinne yn it Frysk. Wêr kin ik dat leare? Skriuwer en learaar Ate Grypstra (hy hat ek noch wolris earne kollums skreaun, leau ik) seit yn de Leeuwarder Courant fan 25 april 2008 oer syn boek HFTCH! dat hy skelwurden brûkt hat dy’t bern op syn skoalle ek brûke: Nederlânske of Ingelske wurden as ‘kankerhoer’ en ‘bullshit’. Dat moat dochs oars kinne? Likegoed as mei seks. Dat is noch altiten in mystearje foar my en dan haw ik it oer it Fryske taalgebrûk der om hinne en - ha ha ha - net de seks sels! Och heden, nee. Men kin as Frysktaligen yn gefal der spraken is fan in ´ereksje´, wol mei inoar ´op bêd gean´ en haw ´geslachtsferkear´, mar de aardichheid is der gau ôf as men der de hiele fiif minuten in wurdboek by hawwe moat. Stjoer dêrom jim moaiste skelwurden, ideeën foar drugsterminology en hytste seksuele útdrukkings nei *****@gmail.com, want ik haw yn it wurdboek socht en kaam net fierder as “in kul as in hynst” en sa binne wy fia de seks ek gelyk wêrom by de lânbouterminology..... Skanoskrift, febrewaris 2011 |