“Kom ik in het ziekenhuis in Drachten, praat die vrouw achter de balie alleen Fries!”
“Ja. En?” “Dat is toch belachelijk! Waarom praat ze niet gewoon Nederlands? “Hoezo is Nederlands gewoon? Ze praatte toch ‘gewoon’ Fries?” “ We wonen toch allemaal in Nederland?” “Ja, maar je bent wel in het Friese taalgebied.” It is it soarte fan praatsjes dat Hollânsktaligen brûke om wat sfear op jierdeisfeestjes te kreëarjen. Gjin “hoe is ‘t op skoalle”, “hast wat mei dyn hier dien” of “wat in moai waar hawwe wy foar de tiid fan ‘t jier”, mar geëamel oer dy smoarge Friezen mei har efterlike dialekt. It is fansels ek net wier. Ferhalen oer winkellju dy’t net Hollânsk prate wolle tsjin toeristen binne betinksels fan de Hollanners dy’t manmachtich yn pearen - dy’t al tweintich jier op inoar útsjoen binne - foar de tweintichste kear twa wiken lang yn unysekse Gaastra-jassen, nei Fryslân komme te file-farren tusken de Galamadammen en it Starteilân, dêr’t oan ‘e ein fan ‘e middei wer gjin oanlisplak te finen is. Wat moatte sokke lju thús dan fertelle oer sa’n snertfakânsje? Krekt: dy smoarge Friezen mei har efterlike dialekt! Wat is dan de wurklikheid? Op in ynformaasjejûn yn Ljouwert sitte fyftich minsken klear om nei in ynlieding te harkjen. As sy begjinne sil mei har praatsje, freget de ynliedster oft it yn it Frysk kin. Yn de seal bliuwt it stil, it liket gjin beswier. Dan sjoch ik in frou yn it publyk, dy’t fernuvere om har hinne sjocht oft der no wier net ien is dy’t protestearret. As it stil bliuwt, roppet sy sels mar, dat sy it leaver yn it Nederlânsk hat. En yndied, de hiele jûn is der gjin wurd Frysk mear te hearren. Fyftich minsken dy’t har in hiele jûn ferbrekke, foar ien Hollanner dy’t gjin Frysk ferstean wol. Of kin. Want sa binne wy no ien kear. Poerbêst folk, wy Friezen. Goed yn fierljeppe, bearenburch drinke, aaisykje, mar it bêste binne wy yn it ús ferbrekken, it net prate fan ús memmetaal. It is in taalsosjologysk en psychologysk probleem, dêr’t gauris in skripsje oer skreaun wurde moat. Der feroaret lykwols al wat. Sa siet ik yn ‘e kantine fan it swimbad en foar my oer oan ‘e tafel sieten in frou en in man. De man prate Hollânsk, de frou prate Frysk en stapte foar de man neist har net oer nei it Hollânsk. Ik wie deastienferlegen mei de hiele saak, want soe ik Frysk meiprate mei de frou, dan soe ik de man bûtenslute. Tagelyk wie ik ek net fan doel my te ferbrekken. Sa ûntstie de skizofrene situaasje dat ik mei de frou Frysk en mei de man Hollânsk prate. Dat doe ik twa wiken letter mei seis oare minsken op in pleats krekt suden fan ‘e Tsjonger om ‘e tafel siet te praten, brûkten wy Hollânsk. Der kaam in achtste persoan binnen. “Middei, allegear”, seit er. Yn it Frysk! As wiene wy allegear opluchte anderen wy him werom yn it Frysk. Ien frou like kjel te wurden en rop: “we gaan toch niet Fries praten , hoop ik?!” As hawwe wy har net heard, prate wy fan dat momint ôf Frysk. En ik doch wakker mei. Skanoskrift, maaie 2011 |
Foto: Friese oranjekoek in de aanbieding tijdens de Hollandse streekweken bij de Lidl
|