“Godvertomtomme”, rôp de man dy’t mei in Wegenkaart van Friesland it avensearders-iten restaurant by Goutum binnenkaam, “tussen Akkrum en Wirdum moet het liggen, maar het is nergens te vinden!”
Hie Hans Wiegel syn sin mar krige, dan hie dizze man in traumatisearjende ûnderfining besparre wurde kinnen. Hjoed de dei wurdt der oan Wiegel weromtocht as de lêste kommissaris fan ‘e keninginne dy’t Frysk prate koe. Dat is appelsmots fansels, want - betûft as er wie yn it bespyljen fan de media - hat er ien kear ris twa wurdsjes by de Alvestêdetocht útkriten, mear net. Slimmer is dat hast gjinien mear wit dat it deselde Wiegel wie dy’t as minister fan Ynlânske Saken just sa anty-Frysk wie dat er Frysktalige plak- en gemeentenammen ferbiede woe. Frjentsjer bygelyks wie neffens Wiegel foar gewoane minsken net út te sprekken en dêrom moast de gewoane Nederlânske namme Franeker ek de offisjele plaknamme bliuwe. Wymbritseradeel soe fernederlânske wurde ta Wiembritseradeel. Doedestiids hawwe de perfesters Feitsma en Meijering fan ‘e Vrije Universiteit fan Amsterdam de minister op wittenskiplike wize útlake. Hja skreaune in brief dat Wiegel blykber net troch hie dat Franeker in oerâlde Fryske plaknamme wie en dat as er Wymbritseradeel wier fernederlânksje woe, dan hie er foar Wagenbruggeradeel kieze moatten. It kin lykwols ek oarsom. Harlingen is ek in namme dy’t yn de Midsieuwen al brûkt waard, doe’t it Frysk noch de iennichste taal wie dêr’t yn dizze omkriten yn praat en skreaun waard. Fansels kenne wy ek yn East-Fryslân in Harlingerlân. De ferfrysking nei Harns is dêrmei in soarte fan polityk krekte foarm wurden, Frysker as Frysk. Sa sitte wy no ek mei it kolderike ‘Reduzum’. De famyljenamme Roorda is troch de ieuwen hinne wolris op ferskillende wizen skreaun: Roerda, Roeda en Roda, mar nea wie it ‘Red’. Wat is der mis mei ‘Roordahuzum’? No is dat diskusjearjen oer plaknammen dochs in wat nuvere Fryske folkloare wurden, benammen as it giet om de fraach wat der op de plaknammeboerden stean moat. Nederlânsk mei in Fryske oersetting derûnder? Frysk mei in Nederlânske oersetting der ûnder? Allinnich Nederlânsk of allinnich Frysk? Stellingwerfsk of Bildtsk? Ik kin my wol yntinke dat der sels Friezen binne dy’t soks foar net-Friezen betiizjend fine. Dat die wol bliken mei de Hollânske man yn Goutum. Hy hat fan it restaurant in kop kofje krige, hat útlis hân oer it ferskil tusken Grou en Grouw en in tafallich oanwêzige ynwenner fan Jirnsum is foar de man útriden om him te plak te bringen. Ik haw him tasein dat ik der foar stride soe dat der tenei ien plaknamme brûkt wurde soe om ditsoarte fan betizing foar te kommen. Dêrom, rju achte lêzer, freegje jo ris ôf: binne Hollanners, Limburgers en Sieuwen sa aardich en set op har plaknammeboerden ek in Fryske oersetting? Ik tocht it net! Lit ús kieze - provinsjebreed - foar Fryske plaknammen en Fryske plaknammen allinnich! Gewoan, anty-Wiegeliaansk, orizjineel en autentyk Frysk. Skanoskrift, july 2011 |