It regear wol dat jongerein allinnich noch stúdzjes folgje dy’t ekonomysk nut hawwe. In ekonomysk oerstallige stúdzje as Frysk wurdt dêrom - yn alle gefallen as twadde stúdzje - ûnbetelber makke.
Professor Jensma fertelt op denachtrider.blogspot.com dat er wurket oan in fernijing fan it kurikulum. Hy besiket fan studinten Frysk adviseurs op it mêd fan meartaligens te meitsjen. Ekonomysk al wer in bytsje rendabeler, al tink ik net dat we Grikelân dêrmei fan de ûndergong rêde. It is lykwols better as om ‘e nocht ompiele mei taalskiednis en literatuer. Ik bin bliid mei dizze omslach, al wie it allinnich mar om’t takomstige frisisten as adviseurs de kâns krije mei te wurkjen oan it meartalich meitsjen fan ús eigen Fryslân, noch hieltiid in Nederlânsktalige provinsje, dêr’t it omtinken foar it Frysk foar de helsdoarren weisleept wurde moat. Foar mysels sjoch ik lykwols net in takomst as ekonomysk rendabel adviseur. Ik bin in romantikus mei in doelleaze passy foar de Fryske taal en in sinleaze hertstocht foar de Fryske literatuer. Lokkigernôch bin ik oan de stúdzje begûn foar’t it regear har plannen trochsette. Ik sil ek trochsette. Ik wol de lêste fan de ûnnutte Frisisten wurde. Sjoch it mar as in died fan ûnrendabel ferset. Skanoskrift, novimber 2011 |
Foto: Carlos Santos
|