De provinsje Fryslân wol yn 2018 Kulturele Haadstêd wurde, mar de organisaasje hat as betingst oanjûn dat it om in stêd en net om in provinsje giet. Deputearre Steaten hawwe no lang om let mei hingjende poatsjes oankloppe by Ljouwert en dat is in histoarysk feit!
Oars as yn Grinslân, dêr’t de Ommelannen al ieuwenlang alle kaarten ynsette op ‘e stêd Grins, hat der yn Fryslân altyd in haat-leafde ferhâlding west tusken provinsje en haadstêd. Al fan de sechtjinde ieu ôf, doe’t de Steaten besletten de Fryske universiteit net yn Ljouwert te festigjen, oant en mei de oanlis fan ‘e sneldyk A7 dy’t Ljouwert net ûntslute mocht, hat Fryslân altyd in geëamel fan 11 stêden en 30 gritenijen west. Op de webside fryslan2018.eu (moat dat net ljouwert2018.eu wêze?) wurdt in wat betiizjende útlis jûn fan de redenen om mei te dwaan: ekonomy, wurkgelegenheid en ynnovaasje. Kultuer liket bysaaken dat is mar better ek, wantLjouwert is de stêd fan in needlijende Stadsschouwburg, in jammerlik poppoadium en in fuortbesunige keunstesintrum. Op ynternet binne foar- en tsjinstanners te finen en jild liket der noch fan de provinsje - mei in miljard oan NUON-jild op ‘e bankrekken - noch fan it hast fallite Ljouwert te kommen. Ferdield en mei de hân op ‘e ponge: Fryslân presintearret har kultuer. De organisaasje sil grif gripe nei it fêste wanhoopsidee om Fryske bestjoerlike missers mei op te poetsen: freegje in Klisjeefries om as boechbyld de saak te rêden. Dat, minsken, sa gau as Syb yn byld komt, mei it dúdlik wêze: Utert wurdt Kulturele Haadstêd yn 2018! Skanoskrift, febrewaris 2012 |
Foto: Carlos Santos
|