11 maart 2007
By Omrop Fryslân op tillevyzje is in man yn byld, dy’t foar in grutte boekekast sit. Soks makket it publyk dúdlik dat hjir in man sit dy’t wat wit. It giet oer it Frysk en de man kin knap fertelle, dat ik bliuw hingjen. Myn niget oan it Frysk is op dat stuit noch gjin fiif jier âld en in saakkundige op TV oer it Frysk, dêr wol ik mear fan witte! It giet oer de Midsieuwen - altyd moai - en op in stuit wurdt der foarlêzen út in grut boek yn in taal dy’t ik net kin. It klinkt magysk, in mearketaal oer de rjochten fan it heiteleaze bern. It is kertier foar twaen, it momint dat ik ûntdek dat der soks bestiet as Aldfrysk. Myn libben sil nea wer itselde wêze.... 17 april 2007 Ik haw it grutte boek út ’e dokumintêre kocht en in pear wiken letter haw ik in hast religieuze ûnderfining as ik by Tresoar freegje of ik de kodeks Roorda ris ynsjen mei. It mei en ik sit mei triljende hânnen op ’e stúdzjeseal de bledsiden fan in midsieusk hânskrift om te slaan. Der giet in wrâld foar my iepen.... 15 july 2008 Ik sit op ’e camping by Canterbury foar de tint mei Sipma syn lesboek ‘Fon Alra Fresone Fridome’ om mysels Aldfrysk te learen. It slagget my net. Dochs lit it my net los..... 23 Augustus 2009 Op it alderlêste momint skilje ik mei Oebele Vries en freegje him of ik my noch ynskriuwe kin foar in dieltiidstúdzje Fryske Taal en Kultuer. It kin....! 2009 - 2011 By Vries folgje ik fakken oer de skiednis fan Fryslân en skiednis fan ‘e Fryske taal, mar ik wit dat it moaiste noch komme moat: it treddejiersfak Aldfrysk, dat ik - as ik dit sleauwe dieltiidtempo oanhâlde kin - yn 2014 folgje sil. Underwilens wreidet myn bibleteekje him út mei eksimplaren fan ‘e blauwe rige, proefskriften fan Brouwer (Autentica Riocht) en Gerbenzon (Excerpta Legum) en Nijdam (Lichaam, eer en recht). Net dat ik Aldfryske teksten lêze kin, mar dat komt noch wol, as ik aanst Aldfrysk folge haw.... 15 septimber 2011 Panyk! Vries giet yn 2012 mei pensjoen! It sil dochs net sa wêze dat ik aanst oan Aldfrysk ta bin en Vries op in terraske sit en fan syn pensjoen genietet? Lokkigernôch sjocht de eksamenkommisje yn, yn hokker prekêre sitewaasje ik my befyn.... 13 febrewaris 2012 Mei reade wangen sko ik oan yn ’e bankjes om Aldfrysk te folgjen en.... ....fuort is de magy! It docht bliken dat myn mearketaal systematysk yninoar stekt mei swakke tiidwurden klasse 2, postklassike teksten, adjektiven, ensfh. Noch slimmer is dat Vries húswurk jout en oh grize! oh grouwe! ek noch in tentamen ôfnimme sil! HIE NET IEN MY WARSKOGJE KINNEN DAT ALDFRYSK GEWOAN HURD WURKJEN IS!? Publisearre yn Skanoskrift maaie 2012 |