Ik wie ris mei fakânsje yn Ingelân. By in skerpe bocht fervet men dêr yn grutte wite letters ‘SLOW’ op ‘e dyk. Rydst nei Wales, dan stiet der ‘ARAF’ én ‘SLOW’. Sa sjochst gelyk datst yn Wales bist en hoe’t men dêr mei de eigen taal wurket. Ik wie noch net fiif minuten yn Wales of ik hie myn earste wurdsje Welsh al leard.
Soe dat ek in probleem mei de Fryske taal en dus ek mei de Fryske literatuer wêze kinne? Wy komme ús taal mar sa’n bytsje tsjin, dat it in frjemde taal wurden is. Yn Fryslân komt men ommers faak noch net iens Fryske plaknammen op ‘e plaknammeboerden tsjin. Dochs kin der yn soksoarte fan ‘iepenbiere kommunikaasje’ in soad dien wurde. Lytse dinkjes as it wurd ‘húske’ op de doar fan, no ja, it húske. Bang dat in Hollanner it net fine kin? Plak der in piktogram fan in mantsje en/of froutsje by en alles wurdt dúdlik. Net ‘Bibliotheek Leeuwarden’, mar Bibleteek Ljouwert op it Beursgebou, ‘Stedskantoar’ op it gemeentehûs, folders fan ‘e VVV yn Nederlânsk/Frysk, Ingelsk/Frysk, Dútsk/Frysk, ensfh. Yn Fryslân litte wy dan de ‘taksy’ ride; wêrom net? Fersin is net mooglik, foar net-Friezen liket it hjir in bûtenlân en Friezen sels komme harren taal wer ris tsjin. Datselde jildt foar Frysk yn it ynternetferkear. It hat in goeie set fan de provinsje west en subsidiearje bedriuwen en ynstellings dy’t harren webside ek nei it Frysk oersette wolle. Frysktalige browsers, e-mailprogramma’s, staveringshifkers en digitale wurdboeken binne allegear boppeslaggen. Dat soe folle mear kinne: Frysk yn ‘e publike romte. As it yn it deistige libben gewoaner wurdt, is de drompel nei in Frysk boek al wer in bytsje leger. In bytsje. |
Foto: Fryslân-promoasje by VVV Ljouwert
|