Juster noch ”penlicker in Brabant”, hjoed riedshear yn Fryslân. Yn de sechstjinde ieu koe it hurd gean foar in ûnnoazel amtnerke: yn Fryslân koe er mei gemak in hege funksje krije. Dat de Friezen soks mar tastiene, wie sa slaafsk, dat sels de “Westvalingen [it] nyet verdragen souden willen”.
Dit wie it hurde oardiel fan Carel Roorda oer de eigen lânslju. Roorda wie fersetsstrider tsjin de Spanjaarden, hoeder fan de Uny fan Utert, mei Van Oldebarneveldt de ûndergong fan Leicester as lânshear, mar foaral hoeder fan de Fryske privileezjes by de Steaten Generaal yn De Haach. Werom nei de ienentweintichste ieu: wa kin noch it Frysk Orkest of de Friesche Autobus Maatschappij? It is ‘wetter ûnder de brêge’. Ynkoarten sille ek Friesche Vlag, De Friesland Zorgverzekeraar en de Friesland Bank ferdwine. Is soks slim? It Noord Nederlands Orkest spilet ek moai en Arriva rydt stipt op tiid. Of binne Friezen mislearre yn it leverjen fan molke, fersekerjen tsjin syktekosten en it behearen fan jild, dat Melkunie, Achmea en Rabobank it oernimme moatte? No wurdt ek de stúdzje Frysk oernommen troch Europese Talen en Culturen. Rekket Fryslân sa stadich oan syn eigenheid, syn siel net kwyt? My tinkt fan net. Carel Roorda wie ek net altyd like súksesfol, mar hy wie in fûl en ferheftich strider foar de belangen fan Fryslân en dêrmei nei myn betinken – mei ôfstân- de grutste Fries fan alle tiden. As wy net mear foar ús belangen stride wolle, pas dan rekket Fryslân syn siel kwyt. Skanoskrift july 2012 |