In omke fan my út Austraalje frege lêsten hoe’t it giet yn Fryslân. “Wol aardich, wat dan”, mailde ik werom. It like him ta dat der hjoed-de-dei mar nuvere minsken wenje yn Fryslân. Om de bân mei Fryslân fêst te hâlden hat er de app fan de Leeuwarder Courant ynstallearre en yndied: it byld dat de LC skilderet fan Fryslân is net te bêst. Der is in soad jammerdearlik bistenijs: ‘Man steekt geit dood’ (1/7) of ‘Koikarpers dood door frituurvet’ (14/8), nuvere deilisskip: ‘Vader snijdt zoon met schaar na ruzie’ (8/9), ‘Stadswacht gemept met drumstokjes’ (10/5) en kombinaasjes fan bistenijs en deilisskip: ‘Man krabt man, hond bijt aanvaller’ (12/5). Nijs oer neakene minsken: ‘GHB-gebruiker springt naakt door tuinen’ (18/6), poep-en-pisnijs: ‘Emmer poep in auto geleegd’ (11/7) en kombinaasje dêrfan: ‘Man plast tussen Heerenveens publiek’ (8/7). Fansels is der in protte Doutzen-nijs: Doutzen sit fêst op Thais húske, krijt gjin megabyld by de Aldehou, sûnder ûnderklean, ferkeapet Veendamshirtsjes, oerlanget rapport Dance4Life, en folle net genôch. Omke frege noch nei de provinsje mei in miljard op ’e bankrekken, de bedrige stúdzje Frysk, de oanlis fan oerstallige diken troch natoergebieten en de finansjele missers fan gemeenten mei grûnoankeap en tsjinfallende huzeferkeap, mar ik hie gjin idee. Wolle jo noch witte hoe’t it ôfrûn is mei de man dy’t fêst siet yn in papierkontener (13/4/2010), frege ik, mar ik haw noch gjin reaksje út Austraalje hân. Publisearre yn Skanoskrift, oktober 2012 |