Wat soe de reden wêze dat it nûmer ’15 miljoen mensen’ fan Fluitsma en Van Tijn fan 1848 yn 2011 nei 791 omheech gie Top 2000 fan dit jier? It nûmer út 1996 beskriuwt de eigenaardichheden fan it Nederlânske folk, mei toleransje as grutte ferbinende krêft. Sûnt die tiid is der in soad feroare. It klisjee seit dat Nederlân syn ûnskuld ferlern hat. Yn neifolging fan Pim Fortuyn seit no elkenien wat er tinkt en faak is dat net al te moai. Sjoch nei Bauke Vaatstra dy’t him frij fielde te sizzen dat er tocht dat in asylsiker syn dochter fermoarde hie. Dizze moard en de moarden fan Fortuyn en Van Gogh, markearje in swart gat yn de Nederlânske skiednis: bestjoerlike ynkompetinsje (LPF), geweld tsjin helptsjinsten en grinsrjochters, in finansjeel-ekonomyske krisis en bern dy’t foar de trein springe om’t se peste wurde. Dit ferlerne desennium (dat rûchwei tolve jier duorre hat) liket wol ta in ein te kommen. In paars kabinet mei de ‘puinhopen van het populisme’ opromje, it wie in Wâldpyk dy’t Marianne fermoarde en wy wolle Fluitsma en Van Tijn wer hearre: 15 miljoen mensen / op dat hele kleine stukje aarde die moeten niet ‘t keurslijf in / die laat je in hun waarde Fryslân – foar it ferlerne desennium it lân fan Simmer 2000 en it Alvestêdengefoel – soe oan it begjin fan dizze nije perioade, in liedende rol spylje kinne yn it weromfinen fan in moderne foarm fan eigenheid fan hiel Nederlân mei duorsemens en mienskipssin as oanfollings op tolerânsje. It byld fan Fryslân sil yn 2013 lykwol dominearre wurde fan moardner Jasper S. en de ûnferdraachsume Bauke Vaatstra. Spitich.... Skanoskrift, febrewaris 2013 |
By de foto: media-oandacht by de útspraak yn de saak tsjin Jasper S., 19/4/13
|