It steatelid Anja Haga praat gjin Frysk mear yn steategearkomsten, in ‘statement’ tsjin it kommentaar dat sy gauris krigen op har taalgebrûk. In nuvere saak: Fryskpraters dy’t oare Fryskpraters de nocht oan de taal ûntnimme. Leaver as kontinue krityk te krijen, praat de yn Fryslân berne, Frysktalige Haga no Hollânsk yn de Fryske steaten. Wêrom moat dat no sa? As studint Frysk merk ik by oare minsken gauris dat men net echt wis is oer it eigen taalgebrûk. Ik hear faak opmerkings as: ‘ik wit net oft ik wol geef Frysk praat’, ‘kin ik dat sa wol sizze’ of ‘let mar net op myn Frysk, hear’. As tinkt men dat ik as taalplysje flaters beskrobkje sil! Myn standert antwurd is dan dat it my net útmakket of it geef of min Frysk is, om’t ik it fiersten te aardich fyn om Frysk mei minsken prate te kinnen. As jonkje – wy prate oer de jierren sântich – gie ik mei de legere skoalle nei de Stadsschouwburg de Harmonie. Dêr spile de musical ‘De Bisteboel fan Omke Roel’. Yndied, Frysktalich. It hat sa’n yndruk makke, it wie sa leuk dat ik no noch altyd fragminten fan de lietsjes sjonge sjonge kin: “Goeiendei, sei de rôt/ goeiendei, sei de mûs/ wy komme by jo útfanhûs”. Doe’t ik jierren letter ris pleite foar mear taalbelied, mear stimulans troch de provinsje, krige ik fan in kunde freonlik mar beslist te hearren dat beliedsstikken gjin doel hawwe. Ik waard wiisd op it súkses fan ‘Pak ‘m Stanzi’, it doetiids populêre stik fan Tryater, dat sels bûten de provinsje in grut publyk oanspriek. As it mar leuk is, dan hawwe minsken wol niget oan it Frysk. Ik tink dat dat kloppet. Frysk is benammen de taal fan húshâlding, fan kroech, fan sportfjild en oare leuke saken. Of it no in jonkje is dat nei in frolike musical harket (“As de kat fan hûs is/ dûnsje de muzen/ de lytse mûzen/ pyp py pyp/ pyp pyp pyp”), of in grut publyk by Tryater, it Frysk is in taal foar ‘de leuk’. Dat Haga yn de steaten Hollânsk brûkt, seit dêrom mear oer de steaten as oer it Frysk. Publisearre yn Skanoskrift, novimber 2013 |
By de foto: yn de Harmonie by de Bisteboel fan Omke Roel (Huis aan Huis)
|