Ast skoalgeande bern hast, kinst noch wolris mei as de klas in ekskurzje hat. Dat ik gong mei, as fytsbegelieder nei it Fries Museum, Tresoar en it Historisch Centrum Leeuwarden. De bern krigen útlis oer Fryslân yn de Gouden Ieu! Fryske skiednis, dêr haw ik ek noch wol niget oan.
Mar dat foel ôf, want it gong net oer de Fryske Gouden Ieu, mar oer de Nederlânske Gouden Ieu, de 17e ieu. It gie oer rike minsken yn Fryslân yn de 17e ieu, boeken mei tekeningen fan planten út de 17e ieu en der wie in stêdskuier nei it Steedhâlderlik Hôf, yn de 17e ieu residinsje fan de Nassaus yn Ljouwert. De Fryske Gouden Ieu wie fansels de 7e ieu. De tiid dat Fryslân it hannelssintrum fan Noardwest Europa wie, it wurd ‘Friezen’ sels synonym wie foar hannelers en de Noardsee bekend stie as de Mare Frisicum. De tiid dat edelstiennen út Yndia yn de fibula fan Winaam ferwurke wurde koene, om’t Fryslân mei de hannel yn sâlt, laken en slaven ryk wie, stjonkende ryk en yn ferhâlding nei alle gedachten riker as yn de 17e ieu. Dizze Fryske skiednis ynteressearet de Fryske histoaryske ynstituten net. Skiednis wurdt blykber pas ynteressant as wy it keppelje kinne oan de Nederlânske skiednis en op skoalle leare sy al hielendal neat oer de regionale skiednis. Dat is de direkte reden dat myn earme bernstjes alle tiisdeis – nei skoaltiid - in oere thúsles krije oer FRYSKE skiednis. Wy binne no by de romeinen. “Asterix”, rop ik, “wie fansels mar in stripfiguerke, mar de Friezen, dy hawwe de romeinen it Fryske lân útsmiten, oant sy har eangstich êfter de Limes weromlutsen." "En dat sûnder tsjoendersdrank!” |