De heer Van der Meulen
Yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch wie Van der Meulen boerefeint en in soad op it fjild. Noch hieltyd mei er graach nei bûten mei de elektryske skoeter. In stikje te riden nei Boksum of Wytgaard.
“Ik mei sa graach eefkes nei de Intratuin of by de winkeltsjes yn it sikehûs lans. Dat is myn libben op it eagenblik.” De gemeente hat lykwols de oanfraach foar in elektryske skoeter fan Van der Meulen ôfwiisd, dat Van der Meulen hat syn sparsinten brûkt om der sels mar ien te keapjen. It earste dat Van der Meulen op it aljemint bringe wol is syn soarch. “Der is praat fan dat dit allegear ôfbrutsen wurde sil. Dan wurdt der op ‘e nij boud. Ik hoopje net dat ik dat noch mei meitsjen hoech.” “Ik ha it hjir poerbêst, ik ha gjin soarch om it iten, it is lykwols net sa wy it froeger went wiene. It iten wurdt om sa mar te sizzen yn den lande klearmakke, dan wurdt it hjir nei it sikehûs brocht en fan dêr út ferspraat oer ferskillende ynstellings yn de provinsje. Dus ik krij wol altiten waarm iten en it is ek wol te iten, mar ik sit hjir no seis jier en in slaadblêdsje ha ik noch nea hân. De spinaazje is altyd à la crême, want blêdspinaazje, dat sjogge je hjir net. No ja, dêr moat je mar wat oer hinne sjen. “Alle minsken dy’t hjir sitte hawwe in ferhaal. Lit ik dat no eefkes goed fertelle. Myn frou is al tweintich jier ferlern ferstoarn. Ik ha dêrnei noch in moaie tiid hân mei in freondinne, mar dy is no ek al wer trije jier ferlyn weirekke en dan sitst allinnich. Ik fiel my nettsjinsteande dizze minsken, nettsjinsteande alle oandacht fiel ik my iensum. Je dele net mear mei inoar.” 'Van der Meulen, wy kinne der neat mear oan dwaan'
“Myn fuotten binne stikken. Ja, sa sis ik dat mar. Ik bin yn de jierren santich ôfkeurd om de fuotten. Dokter hat ek sein, ‘Van der Meulen, wy kinne der neat mear oan dwaan’.
Van der Meulen mocht graach biljertste en dat die dat ek in soad, mar kin no op de fuotten net stean en meidwaan. Hy lit syn oanpaste skuon sjen en fertelt fan de pedikuere, dy’t der geregeld mei oan de gong moat.” Yn it petear mei de meiwurker fan de gemeente waard frege oft Van der Meulen in elektryske skoeter perfoarst nedich hie. Neffens himsels wol, om der út te kommen, mar de meiwurker woe witte oft Van der Meulen der ek boadskippen mei helle moast. Van der Meulen andere earlik en sei dat er syn boadskippen yn it winkeltsje ûnder yn it hûs helle. De oanfraach waard ôfwiisd. “Jo kinne jo net mear rêde, se moat jo helpe mei de klean en wit ik wat, al dy dingen, ik kin dat allegear net mear sels. Ja, ferlike by in protte minsken hjir yn ‘e hûs kin ik my wol rede, mar ik rin net mear nei bûten ta. Wol mei de skoeter. Dat is myn wrâld.” |