De freedtejûn is foar ús sa’n jûn wurden dat wy mei in pilske, wat sûkelade en sjips op de bank hingje en mei it ferstân op nul wat aardige tillefyzje sjen wolle. Dat, sa gie it fan ‘e jûn ek. Op ‘e bank, fretterij der by en sykje om wat aardichs op de buis.
‘Sil ik de hechting mar alfêst sette?’ Sjoch, der wie net folle oan wat der útstjoerd waard, mar de frou siet te zappen en fûn in film. Net in bêste film, mar it wie mei dinges, toe, hoe hyt sy….? ‘Bo Derek’. Krekt, Bo Derek. Sa’t ik sei, net in al te bêste film, min akteerwurk, mar der siet wat seks yn, dat wy tochten, wy sjogge it even oan. Doe kaam dy sêne dat sy yn de woestyn by in ien oft oare sjeik bedarre en sy soe der seks mei hawwe. Dy sêne wie dat de sjeik waarme, floeibere hunning oer it neakene liif fan Bo Derek geat. Prachtich, man! Doe’t Bo har liif ûnder de hunning siet, gie de sjeik mei de tonge oer har liif en slobbere de hunning fan har boarsten en út har nâle. Wat in idee! It hie my alhiel yn de besnijing. It wie sa slim dat ik de sek sjips leech hie, mar ik hie gjin nocht om noch ien te heljen om’t ik neat fan de film misse woe. En wy hiene noch in reep sûkelade lizzen, dat, no sa… Geandewei de sêne mei de hunning murk ik dat de frou wat oan my begûn te sitten. Sy krûpte stiif tsjin my oan, lei de hân op myn knibbel, hân yn myn nekke, hân oan de binnenkant fan myn bil… En sjoch, ik woe wol, dat ik lei myn hân op har boarst en ear’t ik it wist leinen wy op de bank te tongtútsjen. Wier wurd, sa’n minne film is it dus ek wer net. Ik sei: ‘ik haw noch wol in potsje hunning yn de koken te stean, asto no alfêst ris nei boppe giest, kom ik der sa oan.’ Dat woe sy wol. Ik fleach de koken yn en siet op ‘e knibbels foar in kokenkastke, skode blikjes tomateblokjes en potsjes griente en nútsjesmoar oan ‘e kant op syk nei in potsje hunning dat ik net fine koe. Sy hipte de trep op, knoopte ûnderwilens har blouse los, skopte de skuon út, stroffele en foel boppe oan de trep. Ik hearde de klap en draafde de trep op om te sjen wat der te dwaan wie. Sy wriuwde oer har rjochterknibbel dêr’t sy op fallen wie. Pynlik, mar de skrik wie slimmer. ‘Gean do mar lizzen, ik bin sa by dy’, sei ik, ik joech in tútsje op har knibbel en triuwde myn tong noch mar ris yn har mûle om de sensuele sfear fan niiskrekt op de bank net te ferliezen en draafde wer nei ûnder. Yn it twadde en tredde kastke wie it potsje hunning likemin te finen, mar by eintsjebeslút stie it yn de foarriedkast. Ik hie noch krekt net in kertier nedich hân om it te finen. Ik draafde de trep wer op en fûn de frou yn al har pracht neaken op it bêd. ‘Och, myn leaf wat bist moai…’, lústere ik sêft en oandien, wylst ik de broek útskopte. ‘Wat seist?’ ‘Dast moai bist.’ ‘Ooh, dat is leaf. Wat woest mei de hunning dwaan, sa út de pot jitte litte?’ Sy hie gelyk. It wie faaks better en brûk in leppel om wat tinnere strieltsjes hunning te krijen, dy’t ik sa wat better oer har lichem hinne stjoere kinne soe. ‘Ik bin sa wer werom’, ik stroffele de trep wer ôf, helle by de ôfwask in leppel wei, spielde him ôf, hie dochs noch ôfwaskmiddel en boarstel nedich om de wat oankoeke itensresten der ôf krije te kinnen en draafde wat al te entûsjast wer nei boppe. ‘Giet it goed, leave?’ ‘Ja hear, even op asem komme’, andere ik wylst ik de sokken en trui út die. Neaken gong ik mei potsje hunning en leppel yn ‘e hân op knibbels neist har op bêd sitten. ‘Krijst al in blau plak op dyn knibbel’, sei ik en de frou kaam oerein, seach nei har knibbel en flokte. ‘Sa kin ik moarn myn koarte rok net oan’, en mei in sucht gong sy wer lizzen. Om de oandacht fan lytse ûngemakjes werom te bringen nei in staat fan seksuele hertstocht, pakte ik har linkerfoet en brocht dy omheech. Wylst ik op har grutte tean sobbe, draaide ik mei de eagen ticht de pot hunning iepen, smiet it lid fuort en stuts de leppel yn de hunning. Ik hearde fan ‘tonk’. Wy iepenen beide de eagen, ik dikere yn it potsje, en seach in massive klomp kristallisearre hunning op de boaiem fan de pot. Ik helle de tean fan de frou út ‘e mûle. ‘Wat is’t?’ frege sy. ‘De hunning is hurd wurden.’ ‘Hoe kin dat no?’ ‘Dat kin. Ast it lang net brûkst, wurdt hunning hurd. Mar gjin noed, even yn in pan mei hyt wetter, dan raant it wer en wurdt wer floeiber. Ik bin sa wer werom.’ En wer hipte ik de trep ôf, socht yn de koken in pan, die der hyt wetter yn, sette it mei it potsje hunning der yn, op it fjoer en wachte. En wachte. Ik dikere yn it potsje om te sjen oft it al floeiber waard, mar dat foel ôf. Sa hurd gong dat net. De frou kaam nei ûnderen omris even te sjen hoe’t it gong. Wy hiene gjin badjassen, dat sy hie in boesgroen fan my pakt en mei in pear knoopkes fêstmakke en dat wie alles wat sy oanhie. Sy leunde tsjin de post fan de kokendoar en seach mei freegjend oan. Ik wist dat wy it spannende, opwinende gefoel fan in heal oerke lyn fêsthâlde moasten, dat ik woe op har tastappe om wat te tútsjen en te fielen, mar it wetter begûn op dat stuit te sieden en dat wie myn bedoeling net. Ik draaide my om nei it gasstel en sette it fjoer wat leger. Doe’t ik mei wer nei de frou omdraaide, wie sy út de doariepening fuort. Ik seach om it hoekje fan de doar hoe’t sy út de mand mei tiidskriften in Libelle pakte en wer werom nei boppe gie.’ ‘Jo kinne better even stilhâlde, dan kin ik mei it hechtsjen begjinne.’ ‘It wie dúdlik, as ik har net gau folge mei de hunning, it momentum foarby wêze soe en dan koe ik gedach sizze tsjin in gleone frijpartij. Ik seach it noch even oan mei it potsje, romme yntusken de lege sjipsekken, bierfleskes en sûkeladereepwikkels mar alfêst op. Dêrnei helle ik it potsje fan it fjoer. Echt floeiber wie it noch net, mar ik koe der no mei de leppel wol hapkes út helje. It wie better as neat en ik draafde de trep wer op nei boppe ta. Dêr lei sy, ûnder it dekbêd de Libelle te lêzen. Ik haw har wolris seksyer sjoen as mei in Libelle yn ‘e hân, mar sy sloech it dekbed fansiden, wy namen ús posysjes wer yn en ik stekte de leppel yn it potsje. Ik hapte der in bultsje út en woe dat gelyk mar by dat moaie plakje fan har nâle útsmarre. Ik hie my lykwols wat fersind yn de floeiberens fan de hunning. It bleau oan de leppel plakken. Sels as ik wat skodde mei de leppel kaam it net los, dat wanhopich sloech ik mei de leppel yn de iene hân hurd tsjin de oare hân en dat trije kear ear’t de klodder hunning fan de leppel loskaam en op de búk fan de frou kwakte. Net op de nâle, mar earne tusken de nâle en de boarsten. Der lei no in kwakje hunning op har hûd en dat seach der dochs wat oars út as yn de film. Myn earste assosjaasje wie dy mei in iepenknapte otterjende pûst fan ûnbidige proporsjes. Dat woe ik nei hast trije kertier krewearjen fansels net blike litte, benammen ek om’t de frou wol goed yn har rol siet en fan ‘oeh’ en ‘aah’ die. Ik helle noch in leppeltsje hunning út it potsje kwakte it midden op har boarst. By de tredde kear murk ik dat ik al wat rûtine krige yn it leppeljen en delsmiten op har lichem, diskear tusken de nâle en de vulva. Noch in boltsje tusken rjochterskouder en boarst en de lêste op har skonk en doe wie it potsje leech. De frou hie de eagen ticht hân en kroane by elke oanrekking as wie sy sa gleon as brij. Hawar, nei de faze fan it klodderjen mei de hunning, wie it no it momint om it fan har liif te slikjen, net? It like my in goed plan en wurkje fan ûnder nei boppe ta. Der wie allinnich net sa folle te slikjen. De bultsjes stiene ûnferweechlik stiif en stil op har hûd en soe ik it mei myn tonge oanreitsje, bestie de kâns ek noch dat it fan har skonk ôfrûgelje soe. Dan hiene wy de hunning yn de lekkens en dan koene wy it beddeguod gelyk yn de waskmasjine triuwe. Der siet neat oars op as it hoopke hunning yn ien kear de mûle yn te slobberjen en mei in swolch op te iten. Fansels, it wie net itselde as yn de film mei Bo Derek en de sjeik, mar it wurke wol. De frou reagearre mei mear kroanjen doe’t sy myn lippen op har hûd fielde. De hunning fûl my wat swier op ‘e mage, mar ik wurke my omheech nei har búk en wurke it twadde bultsje hunning mei ien swolch nei binnen. Ik koe wol merke dat ik al aardich wat sjips en pils en sûkelade hân hie, om’t ik fol siet en eins wol mear as genôch hunning hân hie. Two down, three to go… Ik lei op myn linker earmtakke en strielde har mei myn rjochterhân en gong mei de eagen ticht mei myn lippen op syk nei it tredde boltsje. De frou kroane noch hiel tefreden, mar ik koe it boltsje net fine. Ik iepene de eagen en seach it kristalisearre hoopke hunning fan tichteby wat de assosjaasje mei in otterjende pûst wer yn ’t sin brocht. Der siet net folle oars op as ek de tredde hap wei te wurkjen, mar de folle mage en it byld fan de pûst makke dat ik my wat mislik begûn te fielen. Ear’t ik oan de fjirde hap begûn woe ik de earste trije even wat sakje litte, dat ik naam de tiid om har mar wat oer har hiele lichem te tútsjen. Om’t de frou ek wol troch hie dat de lêste twa bultsjes maklik fan har liif rûchelje koene bleau sy stokstiif stil lizzen. Dat makke de hiele eksersysje earder nuver as sensueel. Har ‘oeh’s’ en ‘aah’s’ kamen my no ek wat oerdreaun oer. Der siet net safolle op, ik ferpleatste mysels nei tusken har boarsten en pakte it fjirde part hunning yn ‘e mûle en hie it idee dat ik it as in klomp izer yn myn mage falle fiele koe. En dan lei der by har skouder noch sa’n smoarch stik hunning op my te wachtsjen…. It idee dat ik krige om fan taktyk te feroarjen, dêr stean ik yn prinsipe noch wol efter. De útfiering wie spitigernôch net goed. Sjoch, ik tocht, as ik no ris dat lêste bultsje hunning mei myn mûle oppak en der mei nei har mûle gean. Ik triuw de hunning foarsichtich yn har mûle, wy tútsje en tonge mei de hunning der tusken en sy kin it moai trochswolgje. It pakte lykwols wat oars út. Om’t de frou de eagen ticht hie, hie sy net troch wat ik die. Wylst sy de mûle iepen die en in lûde ‘aaah’ útstjitte, triuwde ik de hunning yn har mûle. Dêr hie sy net op rekkene en it skeat troch nei efter yn de mûle, nei har luchtpiip. Fan kjellens skeat sy oerein en knalde sa mei har holle tsjin minent. It bloed spatte út myn wynbrau en kaam in drippen op de wite lekkens, de frou hoaste de hunning der út dy’t op it dekbêd bedarre en ik wurde fan de pine, de sjips, it bier, de sûkelade en de hunning ynienen tige mislik, dat… no ja… wy sliep fannacht wol yn de wenkeamer op ús campingbêdsjes. ‘No sa, wat in ferhaal. Sil ik dan no echt mar mei it hechtsjen begjinne?’ Oktober 2020 |
Oer De hunning
Betocht nei it sjen fan Bolero op tillefyzje. Ferhaal brûkt yn in sketch healwei de jierren '90 en no as koart ferhaal útskreaun. |