It is noch betiid as ik fan ’t bêd ôf kom, teewetter opset en it moarnsbrochje foar Nynke en de bern taried. Ik sil de krante út de brievebus helje. Sa gau as ik ta de doar útstap, rûk ik de reeklucht. Ik sjoch om my hinne. Nuver, tink ik noch. Der hinget wolris faker in reeklucht yn ’e strjitte, fan buorlju mei in iepen hurd, mar net yn ’e simmer en fansels alhiel net sa ier en betiid. Ik nim de krante út de brievebus en sil nei binnen, as myn eagen oer it hûs glydzje rjocht foar ús oer oan de oare kant fan de strjitte. De ruten binne swart fan roet en dêrtrochhinne sjoch ik it oranje flakkerjen fan fjoer. Under de foardoar komt swarte reek wei nei bûten. Ik doch ien stap de hûs yn en rop nei Nynke dat sy de brânwacht skilje moat. Wylst ik nei de oare kant fan de strjitte draaf, giet dêr de doar iepen. Yn in grutte wolk fan swarte reek stroffelet se hoastjend nei bûten en falt my yn ’e earms: Riemkje.
Wy hiene der ferline wike noch west. Kopke tee, goed petear, David en ik hiene boppe noch even in kompjûtergame spile, wylst de froulju yn de tún wiene om de krûdeplantsjes te besjen. Sels Nynke hie sein dat wy inoar ris wat faker opsykje moasten en se hie harren útnoege foar har jierdei. Oer trije wike, in barbekjû yn ’e tún. Dat wie nij. Want Nynke en ik mochten altyd al graach oer Riemkje, mei David hiene wy lykwols wat mear muoite. Riemkje wenne al yn ’e strjitte doe’t wy ús hûs kochten. Se wenne allinnich yn it hûs foar ús oer. Der wie wol in klik’ tusken Nynke en Riemkje: oeren koene hja oer de tún prate en Nynke naam har sels mei nei it koar. Opfallend eins, want Riemkje en Nynke binne twa hiel ferskillende typkes. Net om ’t ien of ’t oar, mar Nynke is in bytsje in sloofke. Altyd yn ’e spikerboksen en in trui en it liket as lit Nynke in permanintsje yn ’t hier sette, mar dat is net sa, har hier sit no ien kear sa. No bin ik sels ek net sa’n spannend figuer, dat wit ik wol en Nynke soarget goed foar de húshâlding en de bern, dat ik bin wier net ûngelokkich mei har. It is gewoan, ik hie net tocht dat Nynke sa goed mei Riemkje koe. Riemkje is ommers in hiel oar typ. Riemkje hat lang wyt hier en in fyn, ingeleftich gesicht. No ja, sa seit Nynke dat altyd. Sy hat ek wol faak spikerboksen oan, mar strakker en wide shirts mei in wide hals en dan kinst de bântsjes fan har BH sjen. Hja is oars. Sy wurket mei ferstanlik beheinde bern, spilet pool yn de kroech en reizget de hiele wrâld oer. Wat Riemkje yn David seach, wie ús net dúdlik. Hy wie Frânsk en Riemkje hie him op ien fan har reizen moete. Hy wie wurkleas en al kin soks fansels elkenien oerkomme, wy hiene wat argewaasje fan David. In foarbyld: sa gau as er him by har yn ’e hûs nei wenjen sette, gong sy op ’e fyts nei it wurk. Sa hie hy moai de hiele dei har auto ta syn foldwaan. Sa út en troch naam er de auto mei nei Frankryk as er syn famylje dêr opsocht. Dan wie er sa in wike fuort, mei har auto! Foar Nynke wie de saak fuortendaliks dúdlik: in útfretter. Lange diskusjes hawwe wy der oer hân. Moatte wy der mei Riemkje oer prate? Moatte wy ús miening jaan en Riemkje warskôgje? My tocht dat hja in yntelliginte frou wie, dy’t wier wol wist hoe’t se mei sa´n figuer oan moast. Nynke wie der wis fan dat dit net lang duorje soe en dat se yngripe soe sa gau as se seach dat it de ferkearde kant út gie mei Riemkje. David en Riemkje hiene it wol oanfield, ús fertwiveling. Nei’t wy mei David yn ’e kunde kommen wiene, woe it kontakt net goed op gong komme. Ik krige gelyk yn safier dat Riemkje net fertutearze: hja wie noch altiten in kreas ding om te sjen en hja gong ek net fan it koar ôf, dêr’t Nynke benaud foar west hie. Nynke moast tajaan, hja liken wol gelokkich mei inoar. Sûnt in moanne of wat dogge sy alle war om mar freonen mei ús te wurden. Hawar, ferline wike hawwe wy der noch west, de tredde kear yn like folle moannen. It kontakt tusken Nynke en Riemkje is fuortsterke en David hat my films sjen litten fan de bruorren Coen. It binne bytiden wat nuvere films, mar ik mei der wol oer. In útfretter, ja, mar David hat wol smaak. Let yn ’e nacht gongen wy nei hûs, by it ôfskied wiene der tuten, waard der fierstente lûd ‘no, doech’ roppen en wy gongen op hûs oan, ús hûs oan de oare kant fan de strjitte. Ofrûne snein wie ik der ek noch even allinnich. Ik woe David syn CD’s fan David Bowie weromjaan. Riemkje kaam oan ’e doar en sei dat David oan de tillefoan siet mei syn suster yn Frankryk, waans man slim siik wie. No’t ik der dochs wie, sei se, moast ik mar even mei har meirinne. Ik rûn efter har oan nei har tún. Dêr helle sy in krop slaad út ’e grûn en joech it oan my, stoppe my ek noch tomaten en in paprika yn ’e hannen en lake om myn ferraste snút. It wiene stille tomateplantsjes, dit jier, sei Riemkje. Ik frege wat sy bedoelde mei stille planten. It die bliken dat Riemkje har planten karakterbeskriuwingen jout, as wiene it persoanaazjes fan in film of in boek. De brutale planten, dy’t in soad romte ynnimme yn de tún, of de tomateplanten dy’t yn in hoekje steane, gjin fersoarging nedich hawwe, mar ynienen ta bloei komme. Wy laken. Sa hie ik nea nei planten sjoen. Wat in grappich idee en wat is se kreatyf. Riemkje praat hûndertút oer har tún. It is de ein fan ’e middei en ik stean dêr stil yn de bûtenloft en krij it wat kâld. ‘Do moatst ek even wat oanlûke, ju,’ sis ik tsjin Riemkje dy’t allinnich in T-shirt oanhat. ‘Oh, mar ik bin hielendal net kâld, hear,’ seit se en om dat te bewizen leit sy har hân op myn wang. It is mar in tel dat har sêfte, waarme hân by my op it wang leit, mar it liket ivich te duorjen. ‘Hjir bist,’ hear ik de stim fan Nynke. Riemkje lûkt har hân werom, ik draai my om, mei de tomaten, de paprika en it krop slaad noch yn ’e hannen. Riemkje stekt har hannen yn ’e bûsen en Nynke sjocht my yn ’e eagen. ‘Ik haw dy socht. De tee is klear, mar do wiest ynienen fuort.’ Har gesicht en it t-shirt dêr’t se yn sliept hat, binne swart fan roet en reek. Ik lûk har by it hûs wei en freegje roppend wêr’t David is. Riemkje sjocht nei de grûn en skodhollet. Hja besiket te anderjen, mar is sa benaud dat it net te ferstean is. Ik lis myn earm stevich om har skouder hinne, ik hâld har stiif yn 'e earms. Wylst har lippen ûnfersteanber ‘boppe’ foarmje, hinget der ynienen in tsjokke reekwolk om ús hinne. Mei myn linkerearm rik ik nei de bleate skonken fan Riemkje om har optille en fuortdrage te kinnen, mar dan stiet Nynke neist ús en nimt Riemkje fan my ôf. ‘De brânwacht komt der oan,’ seit se. Riemkje sjocht my freegjend oan. ‘David is noch binnen,’ sis ik, ‘ik gean der yn.’ Ik mij de eagen fan Nynke. Yn ’e hûs is net folle te sjen. Al binne der net in soad flammen, der hinget oeral reek. Ik gean op ’e knibbels om safolle as mooglik ûnder de reek te bliuwen en krûp nei binnen. Troch de wolken hinne sjoch ik yn ’e hoeke fan ’e keamer de tillevyzje baarnen. De gerdinen der efter steane ek yn flam. As ik wat wol moat ik avensearje en ik draaf nei de treppen. De reek priket my yn de eagen. Healwei de treppen kin ik al gjin siken mear krije. Ik hâld de earm foar de noas en besykje te sykheljen troch de stof fan myn trui hinne. Sa kom ik boppe, mar folle better is it noch net. Ik moat sykhelje. Ik sil hjir sa noch stikke. Ik rin nei in sliepkeamer. Dêr, efter my, ûnder my eins, fiel ik mei myn foet it lichem fan David. Ik doch in graai yn de reekwolk en fiel in badjas. Ik pak de skonken by de ankels en tôgje David mei. De eagen baarne my yn ’e holle en it liket as wurdt it boarst my platdrukt, sa benaud haw ik it. De longen dogge my sear, mar ik wit de treppen te finen. De kiel baarnt, de eagen prykje hieltiid mear en ik sjoch stjerkes. Ik fiel dat ik gjin krêft mear haw en begryp dat dit de ein is: ik sil hjir stjerre. Tegearre mei in ferflokte útfretter. Ien tel stean ik stil, dêr, boppeoan de treppen mei de ankels fan David yn ’e hannen. Ien tel en ik realisearje my in soad saken: ik wol net dea, ik wol libje! Ik wol nei Riemkje mei har BH-bantsjes, har wite hier en waarme hannen en har sizze dat ik mei har fierder wol! De gedachte oan Riemkje jout my nije krêft. Ik realisearje my ek dat David dan tusken Riemkje en mysels yn stiet. Ik lit de ankels fan David los en stroffelje allinnich de treppen ôf nei ûnderen ta. It earste wat ik dan wer wit is it swiere lûd fan de pompen fan de brânwachtauto’s en it blauwe ljocht fan de swaailjochten. Ik sit op de oprit by it hûs fan Riemkje en David en mei help fan in soerstofkapke kom ik by. Ik sjoch om my hinne: Nynke sit gûlend op ’e knibbels rjochts neist my. Efter har steane de bern, ek kompleet oerémis. Slop as in pûde hingje ik yn de earms fan de ambulânsebroeder. Mar wêr is de auto fan Riemkje dan, tink ik ynienen. Stie er der niiskrekt eins wol? Ik draai my om en lofts fan my sjoch ik dat Riemkje neist in ûnbekende man yn in badjas sit. Wa soe dat wêze, freegje ik my ôf, dat is David net. Dan klapt it besef der yn dat de man dêr´t ik de held foar úthongen haw, dêr´t ik myn libben foar weage haw, in ien of oare bysliep fan Riemkje is, wylst David nei Frankryk is! Wy hiene der ferline wike noch west. No hawwe sy alle trije op besite west yn it sikehûs. Dat wol sizze, Nynke hat it hiele skoft oan it bêd sitten en David kaam op besite en eefkes letter Riemkje. David hie sitten te gúlen. Hy wie sa tankber, want ja, ik miende ommers dat ik him oan it rêden wie. Elkenien tinkt no dat ik bewustleas rekke ear’t ik boppe wie. Al is de aksje net slagge, ik bin de held fan it doarp en der steane stikken yn de krante en der binne reportaazjes op ’e tillevyzje oer my, seit David. Ik praat net werom. Sabeare om’t de kiel en it boarst my noch tefolle sear dogge. Nei’t Nynke en David in kertierke mear mei inoar as mei my praten hawwe, giet David wer fuort. Nynke is in bytsje fernuvere, suver lilk, dat ik net mei David prate woe. Mei Riemkje hie’k wol even prate wollen. Ik hie safolle fragen, mar doe’t sy skrutel op besite kaam, krige ik de kâns net. It wie benammen Nynke dy’t oan it wurd wie. Oer dy earme David en oer it omslaan mei oare manljû en hokker oerlêst it foar ús húshâlding wie no’t ik yn it sikehûs lei. Doe’t Nynke har preek dien wie, fertelde Riemkje dat har hûs skjinmakke wurde moast en dat se dêrom de earste tiid yn in fakânsjehúske wenje moast. Doe’t sy suchte dat sy hast net yn it doarp werom doarde te kommen, sei Nynke: ‘Dan dochst dat dochs net'. Riemkje seach in tel lang ferbjustere rjocht yn ’e eagen fan Nynke en ûnferwachts seach sy my oan. Ik hoaste en seach in oare kant út. Riemkje stie op en draafde gûlend ta de doar út. Nynke draaide har holle nei my om en glimke swakjes. 'Sil ik even in kopke tee sette,’ frege se. ‘Meist ek wol in kop kofje foar my helje.’ Publisearre yn Ensafh 1, maart 2014 |
Oer De útfretter
Based on a true story! Doe't op in sneintemoarn om acht oere de brânwacht troch de strjitte daverde en tichteby hûs ho hold, wie de fernuvering foar ús as buorlju grut doe't buorman syn baarnende hûs útkaam mei in oare frou as buorfrou. Ik haw dat gegeven brûkt doe't Anne Popkema foar it fak Taalfeardigens om in koart ferhaal frege. Op syn oanrieden haw ik in 'love-interest' tafoege fan de haadpersoan mei de buorfrou. |