Wa’t nei Omrop Fryslân harket, wit dat it yn it hjoeddeiske Frysk optilt fan minsken dy’t Nederlânske haadwurden brûke, tiidwurden bryk bûge en tiidwurdskloften oan ‘e ein fan in sin yn in ‘Hollânske’ folchoarder pleatse. Guon taalkundigen prate oer ‘ynterferinsje-Frysk’, as wie it in dialektyske fariant fan it Frysk. Jonkman en Versloot geane der noch in stapke fierder yn en wolle it net iens Frysk neame: it hjoeddeiske Frysk mei in soad Hollânske ynfloed neame hja ‘Frollânsk’ (Jonkman & Versloot, 2008).
Dêr foar oer kin men wize op it grutte tal ûndergongsfoarsizzingen dat it Frysk troch de ieuwen hinne hân hat (Breuker, 1983), lykas boppesteand sitaat fan John Bowring. Is it feit dat it Frysk der noch hieltyd is, nettsjinsteande alle soksoarte pessimistyske ferwachtings, net it bêste bewiis fan de fitaliteit fan ‘e taal? Lokkigernôch binne der neist mieningen, ek noch sifers oer it gebrûk fan it Frysk, sa’t dy bygelyks presintearre binne yn de Taalatlas fan Fryslân (2007). It is faaks de wichtichste konklúzje fan dizze Taalatlas dat 64% fan de ynwenners fan Fryslân seit Frysk te praten. It is in feit dat it Frysk in soad terrein ferlern hat. Letterlik. West-Fryslân (yn hjoeddeistige Noard-Hollân),East-Fryslân (yn Dútslân) en de Ommelannen (it tsjintwurdige Grins) hawwe it Frysk ferfongen. It Frysk wurdt no allinnich noch brûkt yn it Dútske Noard-Fryslân (sa’n tsientûzen minsken prate sa’n tsien taalfarianten yn it waadgebiet yn Sleswich-Holstein, ynklusyf Helgolân), Sealterlân (Sealterfrysk, troch sa’n twatûzen minsken yn trije doarpkes súdlik fan Lear) en fansels yn de provinsje Fryslân. It (Westerlauwersk) Frysk is mei sa’n 400 tûzen sprekkers de grutste fan alle Fryske taalfarianten. Oer it Frysk yn de provinsje Fryslân giet dit essay. It Frysk hat yn Fryslân lykwols ek in soad terrein ferlern. Figuerlik terrein, om’t it nei de midsieuwen har plak as taal foar it bestjoer, rjochtspraak en administraasje ôfstean moast oan it Nederlânsk dat brûkt waard troch de Saksyske en letter de Habsburgse bestjoerders en amtners. Letterlik terrein wie ferlern yn de stêden dêr’t mingfoarmen fan Hollânske dialekten mei it Frysk yn de 16e ieu it plak fan it Frysk oernamen (Van Bree, 2008). It Frysk wie sa fan de 16e ieu ôf de taal fan de boeren en hie in lege status. It soe duorje oant de ein fan de 18e en begjin fan de 19e ieu, ear’t de oandacht foar dit ‘Boersk’ ynteresse krije soe fan notabele wittenskippers as Professor Wassenbergh en Joast Halbertsma. De Fryske Beweging slagge der benammen nei de Twadde Wrâldoarloch yn it Frysk in plak te jaan yn in ferskaat oan maatskiplike domeinen as it ûnderwiis (ferplichte fan 1980 ôf), de rjochtspraak (ôftwongen nei Kneppelfreed yn 1951) en súbsydzjes om taal en kultuer te stypjen. Sa soe dit essay hjir as in mearke einigje kinne: de Fryske taal libbe noch lang en gelokkich. De fraach is lykwols oft dizze konklúzje terjochte is, of dat it Frollânsk in nije oansizzing ynhâldt fan it útstjerren fan ‘e taal. Mei oare wurden: hoe fitaal is de Fryske taal? Download it hiele essee - skreaun foar de stúdzje Fryske Taal en Kultuer yn 2011 - hjirneist |
Download
|