De dialekten fan Hylpen en Molkwar hawwe foar guon minsken altyd tige nijsgjirrich west. De beide taalfariëteiten hawwe in reputaasje fan oarspronklik Frysk. It Molkwarder dialekt is útstoarn en it Hylpersk wurdt yn syn bestean bedrige.
Fanwegen dizze reputaasje wie ik benijd nei de beide dialekten. It útgongspunt foar dit stik is dan ek de fraach wat it Hylpersk ta in dialekt fan it Frysk makket. Oars sein, wêr wykt it ôf fan en komt it oerien mei it Frysk? Wat binne dan dy Aldfryske relikten? It is net in útputtende opsomming fan alle skaaimerken fan beide dialekten wurden. Wol haw ik besocht foar ien dy’t neat fan de fariëteiten wit, in oersjoch te meitsjen dat de wichtichste saken op in rychje set: skiednis en literatuer en fansels in beskriuwing fan fonologyske, morfologyske en oare skaaimerken, ôfset tsjin it Frysk. It stik is hjirneist as PDF te downloaden. Publisearre as 'paper' yn it ramt fan myn stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Rijksuniversiteit Groningen, july 2012 |
Download
|