It koarte ferhaal is oer de hiele wrâld in wichtich literêr sjenre. De keunst om yn in beheinde romte in ferhaal stal jaan te kinnen, fynt men by alle folken en yn alle kultueren. Yn de Fryske literatuer komt men dan al gau út by twa bondels dy’t fan grutte wearde west hawwe foar it koarte ferhaal yn de Fryske taal: de Fryske Sketsen fan 1934 en Sawn is in Galgefol fan 1951. Beide boeken binne bondels fan ferhalen fan ferskillende skriuwers, mar dêr haldt de oerienkomst op.
Der binne genôch ferskillen dy’t yn ien eachopslach te sjen binne: de sân Galgefol-ferhalen binne koarter en de oarloch is noch tichteby. Sa’t doarpen en omjouwing yn de krisisjierren beskreaun wurde yn de Fryske Sketsen, sa komt dat by de sân Reiddompers net foar. De Twadde Wrâldoarloch en de jierren dêrnei hawwe fan grutte ynfloed west op Fryslân en de Fryske literatuer. Binne dizze ûntjouwings werom te finen yn de Fryske Sketsen en Sawn is in Galgefol? It stik is hjirneist as PDF te downloaden. Publisearre as 'paper' yn it ramt fan myn stúdzje Fryske Taal en Kultuer, july 2012 |
Download
|