Frysk: net om’t it moat, mar om’t it leuk is
Jierrenlang wiene de berjochten dat ûndersyk útwiisd hie dat it goed gie mei it brûken fan de Fryske taal. De persintaasjes Friezen dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe koe, siet altiten yn de plus. It lêste jier hat der in omslach plakfûn. It ofrûne jier liket der hast panyk te wezen: it giet net goed mei it Frysk! Yn desimber 2016 rûn dat ut op in demonstraasje yn Ljouwert om te pleitsjen foar Frysk yn it ûnderwiis.
Sokssoarte fan pleitsjen past yn in lange tradysje dy’t begûn by Kneppelfreed. Men woe Frysk prate kinne yn de rjochtsseal. Mei wet- en regeljouwing is desennia lang wurke oan in fersterking fan de formele posysje fan it Frysk. Wat wy spitigernoch sjogge is dat it tal minsken dat Frysk prate wol yn de rjochtsseal hast net by te hâlden is, sa leech. Op skoalle hawwe bern gjin nocht oan Fryske les en âlden en dosinten sjogge it doel der net fan. Fan de oare kant wurdt yn ynformele omjouwings troch hûnderttûzenen minsken noch alle dagen Frysk brûkt. Op it sportfjild, yn de kroech en op de wurkflier. Yn mails, smskes en sosjale media bloeit it Frysk op. Nim no de stúdzje Frysk. Dy hat it as selsstannige stúdzje net oprêd en is opgien yn in meartalige stúdzje mei in spoar Frysk. Ekonomysk net rendabel mar wol leuk! No’t dizze stúdzjerjochting fia futurelearn.com in Fryske taalkursus oanbiedet, binne der in soad ôfnimmers, sels fan oer de hiele wrâld en is it Frysk yn posityf deiljocht set. Frysk is dus leuk, as it thús achter de laptop is. Tsja, en dat is krekt wêr’t wy it dan oer ha wolle. It Frysk moat wer leuk wurde. Wy tinke benammen oan in rol foar de populêre kultuer: fantasy-boeken binne oer de hiele wrâld tige populêr, mar wurde net yn it Frysk skreaun. Frysktalige stand-up comedians, films, strips, vlogs, games en folle net genoch: it is der allegear net. Wolle wy it gebrûk fan it Frysk befoarderje, lit ús dan oanslute by de libbenswrâld fan de hûnderttûzenen dy’t it alle dagen bruke. Net om’t it ‘moat’ fan wet- en regeljouwing, mar om’t it sa’n lekker taaltsje is, om’t it eigen is en gewoan. Om it yn geef Frysk te sizzen: Let’s make it Frysk leuk again! Dirk Jan Muntendam en Johannes Beers âld studinten Fryske Taal en Kultuer Publisearre yn de Leeuwarder Courant, 25 febrewaris 2017 |
Download
|