As bern hast gjin kar: mearkes komst oeral tsjin. It hat gjin doel dy der tsjin te fersetten, want oft it no in printeboek is, Disney-DVD of in ferhaal dat de juf fan it pjutteboartersplak fertelt, Readkapke, Frou Holle en Sniewytsje sykje dy allegear yn de earste jierren fan dyn libben op. Al kinne wy allegear de ferhaaltsjes wol neifertelle, dochs is it mar de fraach hoe goed wy de mearkes echt kenne.
Hokker heit fertelt hjoed-de-dei noch dat der mear as ien west hat dy’t besocht hat Toarnroaske te sykjen yn it kastiel dat mei toarnstruken begroeid wie. Hja stjerren in tryste dea, nei’t se fêstrekke wiene yn de struken. Soks lit men mar leaver fuort, net? Nee, mearkes binne yn lang net alle gefallen de leave ferhaaltsjes dy’t der letter fan makke binne. Wat dat oanbelanget is it in ferrassing dat der anno 2012 noch ferlet is fan in Fryske oersetting fan de orizjinele mearkes fan Grimm. Anne Tjerk Popkema hat der ommers foar keazen de oarspronklike, bytiden wrede ferhalen streekrjocht oer te setten. In lêswizer yn de foarm fan in spintsje is de iennichste beskerming fan it lytse bernehert tsjin al te grouwélige stikjes tekst! It is in prachtboek wurden, dat fuort opfalt troch de moaie útfiering mei hurde kaft en wûndere yllustraasjes fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn, dy’t mei de ferhalen it gefjocht oangean om de oandacht fan de lêzer. De yllustraasjes binne in grutte plus oan it boek, mar by eintsjebeslút giet it om de ferhalen. De wrâld fan pratende bisten, boskwachters en keningen – dy’t altyd de moaiste dochter fan de hiele wrâld hawwe – hat in universele, ûnwjersteanbere oantrekkingskrêft, mar ek de oersetting fan Popkema docht fertuten. In lytse stekproef fan “De wolf en de sân geitsjes” lit sjen dat Popkema tichteby de orizjinele tekst bliuwt. Hjir en dêr wurdt in lange Grimm-sin nei twa Popkema-sintsjes omfoarme en in “Bösewicht” is de iene kear in stjonkert en de oare kear en smycht, mar sokssoarte lytse feroarings binne goed te ferdigenjen. As de geitemem thúskomt en har bern ropt (dy’t opiten binne troch de wolf), skriuwe de bruorren: “….aber niemand antwortete,” as stiene se foar har oer, mar sizze neat. Popkema fielt dat better oan mei: “….der kaam gjin antwurd,” dat de ûnferdraaglike stiltme yn it oerfallen hûs folle better útdrukt. Popkema hat in lytse mar yndrukwekkende rige fan oersettings op syn namme stean. Mei yn dit jier de Fryske Donald Duck, de Obe Postmapriis foar De Hobbit en dizze Mearkes fan Grimm en de byhearrende oandacht yn de media, liket er yn in ‘flow’ te sitten dy’t it Frysk neffens my op ’t heden goed brûke kin. Wylst it Fryske wrâldsje har drok makket om plannen foar de Kulturele Haadstêd 2018, in taalmuseum en de ferbouwing fan de Fryske Akademy, wurket ambachtsman Popkema yn Grins oan syn oersettings, dy’t in wichtige útwreiding foarmje fan wat der yn it Frysk te lezen falt en noch aardich om te lêzen binne ek. Foar wa’t hâldt fan mearkes en fan it Frysk en noch hieltyd tinkt dat de kikkert mei in tút yn in prins feroaret, is dit in ûnmisber boek. |