Wat in skriuwer, sûnder te skriuwen, sizze kin
As men It Kaartehûs fan Anders M. Rozendal (KFFB, 2009, nû. 456) lêst, is it al gau dúdlik, dat it Oekraynske, naïve famke Nadia slachtoffer fan frouljushannel wurde sil. In maatskiplik en aktueel probleem en in rottich ferhaal, want as lêzer wit men wat it famke net wit: dat har yn Nederlân de seks-yndustry te wachtsjen stiet. Op sa’n stuit jokket in ferhaal. Prachtich, want literatuer moat jokje. In boek moat wat mei de lêzer dwaan, bygelyks nije ynsichten opsmite. In skriuwer kin in stelling ynnimme, leafst ien dêr’t de lêzer it net mei iens hoecht te wêzen, mar wol even oer neitinke kin. As in boek begjint mei in famke dat yn de Nederlânske bordelen bedarje sil, dan is dat in sterk ûnthjit foar in ferhaal. Rozendal jout in skerp byld fan it trystige libben fan Nadia op it plattelân fan de Oekraïne. De redenen dy’t sy hat om fuort te wollen, te flechtsjen, binne leauwensweardich. It part fan it boek dat him yn de Oekraïne ôfspilet en de reis nei Dútslân beskriuwt, foarmet dan ek in tige sterk begjin. Dêr tuskentroch lêze wy fan in widdo yn Ljouwert dy’t fereale is en in frachtweinsjauffeur dy’t nei de skieding de alimintaasje te heech fynt. Wêrom dy ferhalen der by moatte wurdt net dúdlik en it hinderet ek wol in bytsje by it folgjen fan de skiednis fan Nadia, dy’t yn ’e fûke fan de frouljushanneler rint. Elkenien wit dat dizze saken him ôfspylje yn alle grutte plakken, bygelyks ek yn Ljouwert. Yn it echte libben sjocht elkenien ek de oare kant út, wylst twongen prostitúsje ien fan de meast ûnminsklike situaasjes is dêr’t froulju yn bedarje kinne, dêr’t de slachtoffers help by nedich hawwe om der út komme te kinnen. It tekoart oan belutsenheid fan de westerske maatskippij by dit probleem, makket fan in boek oer frouljushannel net allinnich in aardich ferhaal, mar ek in needsaaklike oprop om ús yn te setten en de frouljushannel, dy’t him ûnder ús eagen ôfspilet, te bestriden! Of net? Rozendal docht syn bêst en skriuw yn tagonklik Frysk in ferhaal oer it sykjen fan gelok. Trije ferhalen eins, dy’t yn inoar omgripe, trije ferhalen fan minsken dy’t wat fan harren libben meitsje wolle. In ynternasjonaal ferhaal ek, dat begjint yn de Oekraïne en mei in frachtwein oer de sneldyk weromkomt nei Fryslân. De grousume kanten fan de frouljushannel bliuwe ús lykwols besparre, want it rint spitigernôch allegear goed ôf. Spitigernôch, want der is grif in goed ferhaal te fertellen oer de famkes út East-Europa dy’t tinke hjir in nij en better libben opbouwe te kinnen en harren ûnmacht om oan de macht fan de poaiers te ûntkommen. In goed ferhaal oer de ûnmacht – of is it ûnwil – fan plysje en justysje om de frouljushannel oan te pakken. Rozendal makket in oare kar. De konstruksje fan it ferhaal, de wize wêrop't de ferhalen yn inoar omgripe, kriget yn de twadde helte de oerhân. Foarm boppe ynhâld. Dêrmei wurdt de krêft út it ferhaal helle. Oan ’e ein fan it boek bliuwt de lêzer sitten mei trije frijbliuwende en anekdoatyske ferhalen. It morele oardiel oer frouljushannel wurdt oan de – ek al wat naïve – widdo út it oare ferhaal oerlitten: “it is skandalich. (...) Al dy keardels moasten se de pimel ôfhakke, tsak!” Publisearre yn Ensafh 6, novimber 2010 |