Sûnt syn debút yn 2001 mei De Muorre, hat Rozendal in aardich produktyf skriuwer west en ek al makket It Kaartehûs it ûnthjit mei it sterke begjin, nei de ein ta net wier, dochs is Rozendal as skriuwer wier wol in oanwinst foar it Fryske boek. De KFFB liket mei Rozendal yn te spyljen op de ûntlêzing dy’t him yn it Frysk foardocht. It Kaartehûs en ek syn lêste roman De Sjamaan fan Ealawier (KFFB, 2010, nû. 458), binne goed lêsbere boeken, net te tsjok en yn tagonklik Frysk skreaun. It publyk yn Fryslân kin mar tabite.
Dat oare boek, De Sjamaan fan Ealawier, hat in bekend en dêrmei faaks net al te orizjineel tema: wat feroaret der yn in (lytse) mienskip as der in bûtensteander by komt. Hjir kin Rozendal ek – likegoed as yn It Kaartehûs – in jokjend ferhaal skriuwe. Hy soe mei orizjinele fynsten diskear in skets jaan kinne fan hoe’t wy hjoed-de-dei mei-inoar omgeane. Likegoed komt it der net fan. Wier: it karriêre-stel nimt wat ôfstân fan it drokke wurk en de femme-fatale fynt in man, mar dat is dochs al te foarsisber! Hjir bliuwe kânsen lizzen. Rozendal kiest der foar om wiidweidich út te lizzen wat de reden, de oanlieding west hat dat in Sineeske sjamaan yn in Frysk terpdoarpke komt te bidden. It part fan it boek oer de Sineeske stjerrewacht en de petearen tusken Russyske, Amerikaanske en Sineeske wittenskippers is lykwols kompleet oerstallich. Gean der gewoan fan út dat dy sjamaan dêr sit en fokus leaver op de bewenners fan it doarpke! Wat kin sa’n easterske wize man ús net leare? Wy sille it nea witte.... Beide boeken hawwe dan ek sa’n bytsje deselde mankeminten. Neist, op it foarste plak, it net trochsetten fan in sterk begjin fan it ferhaal, fiert Rozendal safolle personaazjes op, dy’t allegear like wichtich binne, dat it net dúdlik is wa’t de haadfiguer is en wa’t in byrol hat. Identifisearjen mei ien fan de figueren is sa al hielendal net mooglik. By alle personaazjes wurdt in lytse beskriuwing, in bytsje eftergrûn jûn fan de persoan en elk kriget in eigen ferhaallyntsje. Ta ferdjipping fan de personaazjes komt it net en dat is spitich. In lytse yngreep yn de styl hie dat feroarje kinnen: no wurdt it ferhaal yn De Sjamaan fan Ealawier ôfwikseljend ferteld fan út it perspektyf fan krapoan fyftjin (!) minsken. Op sa’n wize wurdt de lêzer alles ferteld en dat hoecht perfoarst net; men hoecht it de lêzer net al te maklik te meitsjen. Hie Rozendal de kar foar ien of twa haadfigueren makke, dan hie de lêzer – mei de haadpersoan – ferrast wurde kinnen mei ûntjouwings dy’t him foardien hawwe by de oare doarpsbewenners. Bygelyks: as wylde Hilde oan ’e man rekke is, wol de haadfiguer witte wat hjir oan ’e hân is en giet op ûndersyk út, praat mei Hilde en har Peter en fynt sa út dat... suspence! Rozendal leppelet it lykwols allegear kreas op, de lêzer kin mar lizze en lêze en hoecht sels gjin puzzelstikjes byinoar te lizzen. Op it tredde plak: more is less. Dat jildt net allinnich foar it tal personaazjes, mar ek foar de oare ferhaallinen yn It Kaartehûs en de stikken oer de Sineeske stjerrewacht. Skrasse yn jins eigen wurk falt net ta, mar ynformaasje dy’t gjin funksje hat yn in ferhaal – der is gjin kar – moat derút. No is it fansels de fraach oft wy avantgardistyske literatuer, maatskiplike oanklachten en grousume tafrielen fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek ferwachtsje moatte. As der lykwols in auteur is dy’t wol skriuwe kin – en Anders M. Rozendal kin in ferhaal op papier foarmjaan – is it de fraach oft sa’n ien him beheine litte moat troch al te folle kristlike braafheid. Soe de KFFB de Fryske literatuer en ek himsels in tsjinst bewize wolle, dan soene har skriuwers wol wat frijer en dryster wurde meie, wat mear it eksperimint sykje kinne. Se soene wat mear oan de lêzers oerlitte kinne troch it harren net al te maklik te meitsjen, de lêzers net wat foar te sizzen mar har te kideljen. Anders M. Rozedal soe yn ’e rin fan syn boeken geandewei mear doarre moatte ynstee fan yn ’e skulp te krûpen. En as dat net binnen de KFFB mooglik is dan soe er it ris bûten de KFFB besykje kinne. |