It ferhaal fan de ûnmooglike leafde is al tûzenen kearen ferteld. Unmooglik om’t der stanneferskillen binne, oft om’t in oarloch de twa leafsten ek as fijannen foar elkoar oer pleatst, of om’t it leauwen fan de ien, de tsjerke fan de oar net akseptearret. Nee, it ferhaal fan de ûnmooglike leafde is sa âld as de skieppedrift.
Dan komt Willem Schoorstra oansetten mei de ûnmooglike leafde tusken broer en sus. Moat dat no sa? It sil net it earste ferhaal yn syn soart wêze, foar my wie dit in nije ynfalshoek foar in ûnmooglike leafde. Ik bin bliid dat ik - tsjin myn gewoante yn - de flaptekst even lêzen hie, want oars hie it my raar oer it mad komme kinnen. Dan noch hopet men dat de leafde platoanysk bliuwt, want op ynsest sit men net te wachtsjen. Schoortstra lit lokkigernôch sjen hoe’t Hilbrand wrakselet my syn ferealens foar syn suster en sa kin de wat mear keken lêzer himsels in skoft lang wiismeitsje dat it allegear wol in bytsje tafalle sil. Wy binne sa’n bytsje healwei it boek as Hilbrand en Fardou noch hieltiid net oan inoar sitten hawwe. Sa maklik komme wy der by Schoortstra lykwols net foar wei. By eintsjebeslút giet it dochs ferkeard en dat is net allinnich myn oardiel, Hilbrand en Fardou binne beide op ‘e hichte fan it ynsestueuze karakter fan harren died. Doe wie it tiid om it boek fansiden te lizzen. Wat ik - ta myn eigen fernuvering - net die. Ik moat tinke oan dy kear dat ik mei de wein by in slim ûngemak op ‘e dyk lâns ried. Men wol net sjen hoe’t oare minsken beknypt yn har auto sitte, mar de blauwe ljochten fan ‘e brânwachtweinen, de giele pakken fan it ambulânsepersoniel, it reade bloed op ‘e holle fan ‘e bestjoerder: men kin de eagen der ek net fan ôf hâlde. Swarte Ingels is op ‘e nij útbrocht yn it ramt fan ‘e kampanje Fryslân Lêst Syn Toppers. Dat dit boek sjoen wurdt as in topper fan ‘e Fryske literatuer sit him fansels net yn it feit dat der seks tusken broer en sus yn foarkomt. Der binne yn it boek wol mear grouwélige ynsidinten, mar dêr foar oer stiet dat in grut part fan dit boek mei syn ferheftige ûnderwerp, in frij luchtige toan hat. Swimme by de slûs, in disko-jûn op skoalle, de leafde foar de poëzij, in nachtlike dropping by it Bakkefean, mei fakânsje op it Amelân en de earste joint op muzyk fan Pink Floyd. ‘Coming of age’ in de jierren santich. Sa’n tsjinstelling sit ek yn it tema fan de gelokkige leafde fan Hilbrand en Fardou, in leafde dy’t ferbean is en it leafdeleaze houlik fan harren heit en mem, al hoe legaal dat houlik ek is. It fielt as in sterk argumint dat pleitet foar dizze leafde tusken broer en sus. Dat is wêr’t it boek begjint te jokjen, mar dat jout net, want in goed boek jokket. Fansels is seks tusken broer en sus net akseptabel, mar is alles wat akseptabel dan wol goed? In goeie fraach dy’t Schoorstra opsmyt, want de leafde fan Hilbrand foar Fardou is wier wol oprjocht. De twa binne ‘soulmates’ sa’t net in soad minsken yn akseptabele relaasjes dat binne. En sa haw ik mysels op trijefearns fan it boek der op trappearre dat ik sympaty haw foar de situaasje fan Hilbrand en Fardou. As ik it boek tichtslein haw, kom ik ta de konklúzje dat it fize boekje fan Schoorstra in knap stik wurk is. In skerp portret fan in famylje, dêr’t it lok him net ôftwinge lit, wylst it oaren oerfalt. Swarte Ingels - Willem Schoorstra (2004) * * * * * Twadde printing, útjouwerij Frysk & Frij (2010) Ferskynd yn 'e rige Nije Biblioteek fan Tresoar, Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren en útjouwerij Elikser Publisearre op www.sirkwy.nl |