Willem Schoorstra by de presintaasje fan 'Pier', 29 augustus 2015, yn Kimswert
Willem Schoorstra hat mei ‘Pier, de profesij fan bline Simen’ in twadde boek skreaun oer in grutte Fryske held. Mei Redbâd hat Pier ien wichtige oerienkomst: sa wichtich as beide manlju binne foar de skiednis fan Fryslân, sa’n bytsje witte wy der eins fan. Hearlik, want dan kin in skriuwer der fansels nammerste mear by fantasearje. Ik bin bliid dat Schoorstra him ynhâlden hat. ‘Pier’ is it ferhaal fan in ienfâldige boer, dy’t troch omstannichheden yn de posysje fan frijheidsstrider komt en bytiden ek net goed wit wat er mei dy posysje oan moat. Sa – en troch Pier stammerje te litten – makket Schoorstra fan de held hast in anti-held en wurdt de leginde wer in minsk.
As bern wie my it plak fan Pier fan Doanja yn de Fryske skiednis al dúdlik. Búter, brea en griene tsiis, in Bidenhänder dêr’t er yn ien klap tweintich minsken mei dea die: in Held! Us heit hie in oare miening. Hy sei dat Grutte Pier eins in grutte kloatsek wie, net mear as in rôver, in piraat. Schoorstra giet dizze ‘inconvenient truth’ net út de wei en lit Pier sjen foar wat er wurdich is: in ‘warlord’ yn de bêste Somalyske of Afghaanske tradysjes. De driuwfearren fan Pier binne wrek en … hawar, eins is dat syn iennichste driuwfear. Sa ienfâldich is it libben fansels net. Pier rekket fêst yn in web fan ferwachtings fan oaren, lykas fan de skriuwer Petrus Thaborita, dy’t him de Fryske frijheid as doel, as ideaal oanpraat. Der binne ferwachtings fan syn famylje, benammen fan neef Jancko Douwama en syn mem en Pier rekket fêst yn de yntriizjes fan de Geldersken en de wikseljende koalysjes mei Edzard Cirksena en de Swarte Heap. De krêft fan it boek is de fertelwize fan Schoorstra. It boek lêst maklik, it Frysk is tagonklik en dochs bepaald net berneftich. Oars as yn Swarte Ingels en Redbâd, fleant Schoorstra sa no en dan wol wat út ‘e bocht, as er ferhaallinen betinkt dy’t er ek fuortlitte kinnen hie. It ferhaal fan Aalke oer har tiid yn it kleaster en in allegoaryske dream dêr’t sels kening Redbâd noch yn opdûkt binne in sydpaadsjes, ferdivedaasje, mar net ûnmisber foar it ferhaal. De ienfâldige boer dy’t de ferneamdste frijheidsstrider fan Fryslân wurdt, is op himsels yndrukwekkend genôch, dat hoecht net mei in âlde profesij bekreftige te wurden. Lykas in soad Friezen wit ik net safolle mear fan Grutte Pier as wat de leginde der fan makke hat. Dochs tink ik dat Schoorstra mei syn research en mei it yn ‘e hân hâlden fan syn fantasije in ferhaal ferteld hat dat ticht by de wierheid lizze sil. Schoorstra jout ús heit yn alle gefalle gelyk: Pier wie in kloatsek, mar it slagget de skriuwer om de lêzer begryp en sels sympaty foar Pier opbringe litte te kinnen. In poepetoer, dy’t tinken docht oan de sympatike grouwel dy’t Swarte Ingels is. Konklúzje: Willem Schoorstra bringt de leginde fan Grutte Pier werom ta minsklike proporsjes. Wat oerbliuwt is in goed ferteld en earlik ferhaal dat mei rjocht en reden de titel ‘histoaryske’ roman fertsjinnet. It is net in boek dat je lêze ‘moatte’, it is in boek dat de lêzer útnoeget en meinimt. NB: al is it in kompleet oar boek, oars skreaun, oars fan opset, wa't Pier mei wille lêzen hat, soe eins De izers fan de frijheid fan Harmen Wind ek ris lêze moatte. Pier, de profesij fan bline Simen - Willem Schoorstra (2015) * * * * * Earste printinge, Friese Pers Boekerij |