Froulju hawwe foar de skiednis fan Fryslân eins net fan belang west. Sjoch nei de kanon en men fynt allinnich finsters foar Anna Maria Schuurman (gjin Friezin), Maria Louise fan Hessen Kassel (idem) en Mata Hari, waans grutste fertsjinste wie dat hja sa maklik út ‘e klean en op bêd gong mei alles dat mar in unifoarm droech. Tsja.
Nei De Silveren Rinkelbel stie De Sûnde fan Haitze Holwerda op ‘e wurklist fan ‘e B-kursus fan ‘e Afûk. Ik hie der net folle nocht oan, want De Rinkelbel wie my, mei it simpele plot (‘begripe jim no wier net wêr’t dy poppe wei komt!?’), dochs wat ôffallen, nettsjinsteande de ferneamde skriuwer. No soene wy noch sa’n âld boek lêze en hoe orizjineel kin dy Fryske literatuer wêze: op it Fryske plattelân, sa’n hûndert jier lyn, wennet in boer, stûf (in wurd dat yn it Frysk Hânwurdboek net iens mear foarkomt), ynbannich, froed en from. Oh sa from. Op syn eigen wize. Dat ik it boek dochs mei wille lêzen haw, hat mei in ferskaat oan redenen te krijen. Moai binne de sitewaasjes dêr’t boer Holwerda mei syn - neffens hjoeddeistige noarmen - komplekse psychology yn fersile rekket. Ien fan de moaiste sênes yn it boek is it momint dat de trije ûngetiders oankommen binne en mei de boer yn ‘e keuken sitte. De kofje stiet klear, mar om’t frou Holwerda der net is, sitte de fjouwer manlju inoar mar wat oan te sjen: “Hy liet it yn him omgean oft it faaks op syn wei lizze koe en gean sels oerein om yn te skinken, mar dat fersmiet er: it wie op it lêst frouljuswurk en hy woe gjin figuer (...) slaan.” Men kim him dat hjoed-de-dei net yntinke dat in man gjin kofje ynskinke soe om’t er bang is in figuer te slaan. Dat makket dat sa’n sêne in humoristyske lading kriget, wylst ik tagelyk in grutte sympaty fiel foar de boer, dy’t yn syn hâlden en dragen net ôfwike wol en net ôfwike kin fan de wize dêr’t er al syn hiele libben oan fêsthâldt: “De boerinne sil sa wol komme”. Men kin in protte sizze oer wat dit boek, dit ferhaal sa bysûnder makket. As men fan skiednis hâldt, dan fertelt it boek oer it boerelibben fan hûndert jier lyn. As men gefoel foar humor hat, kin men laitsje om de wize dêr’t de boer yn ‘e tiis rekket mei syn eigen hâlden en dragen. It ynsjoch dat Van Houten ús jout yn de tinzen fan boer Holwerda soarget der foar dat - mei in bytsje goewil - dit boek as in iere psychologyske roman sjoen wurde kin, fier foar’t Fabryk fan Trinus Riemersma de toan dêrfoar sette. Grutte fertsjinste fan Ulbe van Houten mei dit boek is dat - mei alles wat Haitze Holwerda seit en docht - it dochs mooglik is om sympaty foar de boer te fielen, om jin sels te identifisearjen mei wat eins in ûnsympatike haadpersoan is. Foar my wie it aldermoaiste lykwols dat wat net beskreaun is. Frou Holwerda hat neist de boer en Beert Kuken mar in lytse byrol, al is it grif al in wichtige byrol. Hoe tinkt sy oer it skeel tusken har man en de arbeiders? Har miening is wol dúdlik, mar wat giet der yn sa’n frou om as sy sjocht hoe’t it konflikt tusken har man en de arbeiders him ûntjout? Fielt sy har ek skuldich as sy it net my har man iens is, fielt it as in sûnde? De Sûnde fan Minke Holwerda, sa’n frou fertsjinnet har eigen roman! Minke Holwerda is foar my de heldinne fan it ferhaal. In ikoan foar de miljoenen froulju dy’t yn Fryslân troch de ieuwen hinne harren man stipe hawwe, sûnder al te folle wurdearring, sûnder kleien, in grut part fan harren libben swier,soargjend foar de bern, it húshâlden en dêrneist meiwurkjend op it fjild, yn ‘e turf, yn ‘e winkel of hingjend yn ‘e line om it skûtsje te lûken. Dat binne de froulju dy’t in wichtige rol spile hawwe yn de skiednis fan Fryslân. Net de Mata Hari’s, mar de Minke Holwerda’s, altyd en ivich efter harren man oanrinnend: “Jo moatte net hurder, Haitze”. De sûnde fan Haitze Holwerda - Ulbe van Houten ***** Utjouwerij Frysk & Frij (2010) Ferskynd yn 'e rige Nije Biblioteek fan Tresoar, Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren en útjouwerij Elikser Publisearre yn De Moanne, septimber 2010 |