Deze website maakt gebruik van marketing- en tracking-technologieën. Als u zich hiervoor afmeldt, ontvangt u geen cookies meer, behalve die welke nodig zijn om de website te laten werken. Wij wijzen erop dat sommige producten mogelijk minder goed werken zonder tracking cookies.
Cookies uitschakelen
Lêsten wie der wer ris sa’n ien dy’t miende sa tûk te wezen en wiis my der op dat foar my it glês heal leech wie. Asto fynst dat in glês heal leech is, bist ommers in pessimist en in stik segryn en dat kin fansels net. Men moat fine dat in glês heal fol is, om’t men dan sjoen wurdt as in fleurige optimist. Sa heart it! Folkswiisheid of healwize praat? It lêste. Ik sil’t foar iens en ivich útlizze. Hat men toarst en men pakt in glês en begjint dat glês mei wetter te foljen, dan stiet men healwei troch mei in glês dat heal …. fol is! Is it ien kear fol en begjint men fan it wetter te drinken, dan is itselde glês healwei troch, mei deselde ynhâld as niiskrekt, net heal fol, mar heal …. leech!
It’s that simple! Dêrom: hat men in projekt dat hûnderttûzen euro kostet en men hat mar fyftichtûzen, dan binne der altiten wiisnoazen dy’t sizze: ‘foar dy is it glês heal fol, foar my is it heal leech’. Wy witte no dat it fan de situaasje ôfhinget. Is men oan it ‘crowdfunden’ en is der fan de nedige hûnderttûzen euro al fyftich binnen, dan is it glês heal fol. Is it projekt starten en is der al fyftichtûzen euro útjûn, dan is it glês heal leech. No sa. Net wer eamelje, minsken. Folgjende kear lis ik út wat der earder wie: de hin of it aai.
0 Opmerkingen
|
Categorieën
Alles
Archieven
Oktober 2024
|