0 Opmerkingen
Lêsten wie der wer ris sa’n ien dy’t miende sa tûk te wezen en wiis my der op dat foar my it glês heal leech wie. Asto fynst dat in glês heal leech is, bist ommers in pessimist en in stik segryn en dat kin fansels net. Men moat fine dat in glês heal fol is, om’t men dan sjoen wurdt as in fleurige optimist. Sa heart it! Folkswiisheid of healwize praat? It lêste. Ik sil’t foar iens en ivich útlizze. Hat men toarst en men pakt in glês en begjint dat glês mei wetter te foljen, dan stiet men healwei troch mei in glês dat heal …. fol is! Is it ien kear fol en begjint men fan it wetter te drinken, dan is itselde glês healwei troch, mei deselde ynhâld as niiskrekt, net heal fol, mar heal …. leech!
It’s that simple! Dêrom: hat men in projekt dat hûnderttûzen euro kostet en men hat mar fyftichtûzen, dan binne der altiten wiisnoazen dy’t sizze: ‘foar dy is it glês heal fol, foar my is it heal leech’. Wy witte no dat it fan de situaasje ôfhinget. Is men oan it ‘crowdfunden’ en is der fan de nedige hûnderttûzen euro al fyftich binnen, dan is it glês heal fol. Is it projekt starten en is der al fyftichtûzen euro útjûn, dan is it glês heal leech. No sa. Net wer eamelje, minsken. Folgjende kear lis ik út wat der earder wie: de hin of it aai.
De Leeuwarder Courant fan 20 maaie 2015 hat goed nijs oer it Frysk. De kop fan it stikje is ‘Fries populair in de opvoeding’. It is mar in lyts artikeltsje, dat ik nim it even mei jimme troch. It begjint mei in lange sin: ‘Een kleine 90 procent van de ouders in Friesland vindt dat een meertalige opvoeding een positieve ontwikkeling heeft op de ontwikkeling van een kind’. Nijsgjirrich fansels en men soe hast tinke dat 90 persint fan de Fryske âlden harren bern mei it Nederlansk én it Frysk grutbringt.
Mar dat stiet der net, fansels. Meartalich kin ommers ek Nederlansk mei Ingelsk, of Arabysk of Berbersk wêze. De folgjende sin is ek moai: ‘Het gebruik van zowel het Fries als het Nederlands wordt als een toevoeging beschouwd op de algemene ontwikkeling’. Nijsgjirrich fansels en men soe hast tinke dat Fryske âlden de Fryske taal as in betingst foar in goede algemiene ûntwikkeling sjogge. Mar dat stiet der net, fansels. Meartaligens is ommers net mear as in ‘toevoeging’ op in algemiene ûntwikkeling dy’t blykber al behelle wurdt yn in ien taal en my tinkt dat de âlden út it ûndersyk dêrby grif net oan it Frysk tocht hawwe. Foar de dúdlikens skriuwt de Leeuwarder Courant: ‘de uitkomsten vallen in het algemeen positief uit voor de Friese taal’. Net planút, mar dochs wol oer it generaal posityf. De reden foar dit positivisme docht bliken ut it feit dat ’in het geval van een meertalige opvoeding 58 procent kiest voor het Fries als voertaal’. Tige nijsgjirrich fansels en men soe hast tinke dat 58 persint fan de Fryske âlden as fiertaal Frysk brûkt. Mar dat stiet der net, fansels. De fraach is earst hoefolle âlden harren bern meartalich grutbringe: it makket ommers wol wat út oft dat 80 persint of 8 persint is. Wy witte it net. Fan alle âlden yn Fryslân, fynt 90% meartaligens posityf foar in bern. Fan dy 90% bringt in ús ûbekend persintaazje de bern ek meartalich op. Fan dat ûnbekende tal meartalige húshâldings is 58% Frysktalich. Dat kin by eintsjebslút in ferhipte lyts tal minsken wêze. Mar dat stiet der fansels net! Lit ik dan mar de hurde sifers jaan: yn 1995 waard noch troch 60% fan de Fryske âlden Frysk sprutsen, yn 2003 wie dat noch mar 41%. Dit is ek de útkomst fan in ûndersyk, mar dit ûndersyk komt wol fan bûten Fryslân. It rint tebek en it giet hurd. Ik haw it earder sein en ik sis it noch mar ris: it Frysk hellet de ein fan dizze ieu net.
|
Categorieën
Alles
Archieven
November 2023
|